De universiteit fan Frentsjer
De universiteit fan Frentsjer

Freed 2 july om 10:05

Skoalletelevyzje foar it fuortset ûnderwiis op Ned. 2
Lêste diel fan 3 programma's oer it tiidrek 1700-1815 Yn dit diel stiet soldaat Durk Salverda sintraal.
Alle ynformaasje op www.skiednis.nl

 Sjoch nei de útstjoering
Presintatrise Jildou
Presintatrise Jildou 

Nije tiden

De perioade tusken rûchwei 1750 en 1812 wie in spannende yn de Fryske skiednis. Frjentsjer wie in belangryke universiteitsstêd dêr’t grutte gelearden wurken en studearden, foaral op it mêd fan filosofy en natuerkunde. Sels de wrâldferneamde filosoof René Descartes kaam nei Frjentsjer ta. Minsken wienen drok mei it feroarjen fan har tinkbylden: fan strak-religieus nei in minskliker en wittenskipliker blik op de wrâld. En ek it bestjoer gie op de kop: fan âlde adel dy’t troch erfopfolging regearde nei in mear demokratysk bestel. En dan wie der noch de striid tsjin de Ingelsen, Pruisen en Frânsen. Nee, nimmen hoechde him te ferfelen yn dy jierren. Dat docht presintatrise Jildou ek net, as sy moetings hat mei minsken dy’t yn dy tiid in haadrol spilen.

Napoleon
Napoleon 

Durk Salverda

It binne de Frânsen dy’t uteinlik de adel har macht ûntnimme, en it is dan ek net raar dat in soad boargers earst wol wiis binne mei de ynfal fan Napoleons troepen. Mar dat feroaret as de Frânske generaal syn mars nei Ruslân begjint. 15.000 Nederlânske soldaten geane mei, meastentiids net frijwillich, en fan har komme der mar 500 werom. Ien fan har is Durk Salverda en hy fertelt Jildou én de oare hearen syn drôve ferhaal. Mar dochs, as elk de balâns opmakket, binne der ek wol goeie saken te melden oer dy tiid. It bestjoer, it ûnderwiis en de rjochtspraak ferbetteren flink, en nei de Frânske tiid bruts in frediger en stabiler perioade oan. Mei tank oan alle minsken dy’t har tusken 1750 en 1812 sa ynset ha foar Nije Tiden.

Mear ynformaasje

LinKk
Fragen oan Linkk
Ambysjes
Geef Frysk

LinKk

Hin? LinKk? Wat is dat?

Tsja, lang ferhaal. LinKk, dat is dit blêd, dat binne de lessen Frysk op dyn skoalle, mar LinKk is noch mear…

LinKk is ek in soap. In Fryske soapsearje op televyzje, spesjaal foar dy makke, mei akteurs fan ûngefear dyn leeftiid, dy’t dingen dogge dy'tsto ek dochst. Of, no ja, dat is net hielendal wier, fansels. Do makkest grif gjin televyzjeprogramma en dat dogge de LinKke akteurs wol. Se meitsje in televyzjeprogramma oer Fryske jongerein dy’t in televyzjeprogramma meitsje. Kinst it noch folgje?

Seis jier ferlyn is it begûn mei trije jonges en trije famkes dy’t yn ‘e simmer net op fakânsje gongen en har ferfeelden yn it doarp dêr’t se wenje. Doe ha se betocht dat se mei de kamera fan de heit fan ien fan harren wol filmkes meitsje koene oer alles wat de Fryske jongerein dwaande hâldt.

Op in kear wie der in wedstriid fan Omrop Fryslân:

STJOER DYN MOAISTE FILMKE YN

EN WIN DYN EIGEN PROGRAMMA BY DE OMROP

De LinKkers ha doe in grappich filmke ynstjoerd oer Pier, de baas fan pensjon en doarpskroech P&B, dy’t him yn it swit jaget yn in sportskoalle.

En no riedst it al, ja, se ha wûn. No filmje se foar Omrop Fryslân! Cool, hin?

Eise
Eise

Eise (14 jier)

Hy is de soan fan direkteur De Boer (sjoch by Marije) en in grappige jonge. Drok, fleurich en stronteigenwiis. Hy tinkt hurder as dat syn mûle prate kin. Nei in oar syn ferhalen harkje kin er eins net. Hy mei graach opfalle en fynt it dêrom ek net slim dat in protte minsken tinke dat er homo is (ek al is er dat net). Hy fynt dat wol ynteressant. Hy fynt ferkearing mar in ‘soad gesoademiter om neat’, mar hat it protte freondinnen. Dy sjogge him mear as in freondinne as in freon. Eise drumt by it korps. Dêr kin er in bytsje fan syn bulten enerzjy yn kwyt.

Anne
Anne

Anne (15 jier)

Wennet krekt yn in doarp. Se komt fan Hilversum, dêr’t har heit by de televyzje wurket. Anne is wat gaotysk en tinkt it gauris better te witten as in oar. Se kin ek min oer krityk. Har suske Maaike fan 13 fynt alle Friezen mar boeren en dat jout geregeld spanningen tusken har beiden. Se docht oan fuotbaljen en wol psychology studearje en letter yn Amearika karriêre meitsje. 

Auke
Auke

Auke (16 jier)

Syn heit is stoarn doe’t er noch mar seis jier wie en syn mem hat psychyske problemen. Se hat om ‘e haverklap wer in oare freon, dy’t dan by harren yn ‘e hûs komt te wenjen en docht oft er Auke syn heit is. Auke krige it dêr in skoftke lyn sa dreech mei, dat er wat hiel ferskrikliks dien hat. Dat hat der, om koart te gean, foar soarge dat er no by in pleechfamylje wennet en dat binne Pier en Brecht. No mar hoopje dat er dêr syn draai wat fine kin...

Hy is in rêstige jonge en syn idoal is syn ferstoarne heit. Ast wat aakliks oer syn heit seist, no dan kinst mar better hurd dravend meitsje dat'tst by him weikomst, want dan wurdt er LINK.

Giel
Giel

Giel

Giel Ferwerda Roos is in Kolombiaanske jonge, dy't syn hiele libben al yn Fryslân wennet. Syn echte heit en mem hat er nea kend en dat hoecht om him ek net. Giel is hielendal gek fan technyk en syn doel yn it libben is piloat wurde en safolle mooglik fan 'e wrâld sjen. Giel hat it ofrûne jier by syn omke Oene wenne, wylst syn adopsjeheit en -mem op wrâldreis wiene.

Diana
Diana

Diana

Diana Veenstra is in echte boeredochter. Se wennet mei har heit en mem en suske har hiele libben al op 'e pleats. Se is gek fan bisten en buorkjen en wol letter dan ek de pleats fan heit en mem oernimme. Dêrom leart se foar feehâlder. Diana is fral goed befreone mei Henk en hat ferkearing mei Giel.

Marije
Marije

Marije

Marije de Koning is iennichst bern. Se komt eins út it kristlike Genemuiden. Se wennet hjir alwer njoggen jier en is in opstandige dame. Dat jout nochal ris problemen thús en foaral op skoalle.
 
De directeur fan 'e skoalle is har leaver kwyt as ryk. Se kin gelokkich goed mei Jaap, de konsjerzje, dy’t mei troch de LinKkploech no mentor wurden is op skoalle. Marije docht dit jier eksamen Havo.

Skoal TV Fuortset Underwiis

Skoaltelevyzje foar it fuortset ûnderwiis is freeds om 10.00 oere te sjen op Nederlân 2. En sneon- en sneintemiddeis by Omrop Fryslân televyzje om 16.00 oere.Yn july en augustus fiere we fakânsje Dan binne der dus gjin útstjoerings fan 11&30, LinKk en LinKk Ekstra. Nei de simmer sjogge we jim wer!

 
Harkje live Harkje live Sjoch live Sjoch live
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
303112345
6789101112
13141516171819
20212223242526
27282930123
45678910
< foarige | folgjende >
© 2010 Omrop Fryslân
Afûk
Tryater
Open dag Leeuwarden o.i.m.
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Flaeijelfeest