Skoaltelevyzje op Ned. 3 en Omrop Fryslân. Hilarysk programma foar de heechste groepen fan it basisûnderwiis oer in lytse omrop. It tema fan 'e útstjoering is Feest.
Dit binne ús skoalletelevyzjeprogramma's foar de basisskoalle:
Foar groepen 5 oantemei 8 is der it populêre programma Studio F. Studio F is in omrop dêr’t radio- en televyzjeprogramma’s makke wurde. Radiofrou Mieke Foon wurdt holpen (en soms tsjinwurke) troch Eabele en Oebele dy’t foar de televyzjetak wurkje. Appie hat de soarch foar de fassiliteiten yn it gebou en Van der Baan is de grutte direkteur.
WitWat is ien fan de skoaltelevyzjeprogramma’s dy’t Omrop Fryslân makket foar it Fryske basisûnderwiis. WitWat wurdt makke foar de groepen 3 en 4 en slút mei syn tema’s oan op de Fryske taalmetoade Studio F, dy’t op ferskate skoallen yn Fryslân brûkt wurdt foar it fak Frysk. Yn it programma siket de 15-jierrige Marieke Swart fan Sint Anne, mei help fan har kleptop, it antwurd op in fraach fan in groep 3 of 4.Njonken ynformaasje foar learkrêften, foto's en teksten fynst dêr ek in spultsje!
It lân fan Efke is in programma foar de beukers as foarrinner op Studio F. Cedin taalsintrum Frysk, AFUK en Omrop Fryslân hawwe it materiaal ûntwikkele. Der is in map mei 10 útwurke téma's. By alle téma's heart in televyzjeprogramma en in radioprogramma. It televyzjeprogramma 'it lân fan Efke' giet oer Efke en syn mem. Se wenje yn in lyts húske op de top fan in berch. Se libje dêr tegearre. Mem mei graach skilderje en Efke is faak drok oan it bouwen mei syn blokken. Tegearre bedarje se alle kearen yn in fantasij.
Alle tiisdeis om 11.05 oere (útsein de skoalfakânsjes) is Omrop Fryslân der op Nederlân 3, op Z@ppelin, mei skoaltelevyzje-programma’s foar de basisskoalle. De programma's wurde herhelle op tongersdei om 17.20 oere by Omrop Fryslân. Ek binne se it hiele wykein, op sneon en snein, nochris te sjen om 16.20 oere.