Sneon 14 augustus om 18:20

Ferslach fan 'e sânde en lêste wedstriid om it Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen (IFKS), de twadde wedstriid op 'e Iselmar by De Lemmer. Hjoed wurdt de winner bekend,
as dat al net earder dúdlik wurden is út it punteklassemint.

Jo binne fan herte wolkom de útstjoering by te wenjen. Salonboat De Gaasterland leit hjoed yn Jachthaven De Punt, oan 'e Industrieweg 19 op De Lemmer.

 Besjoch it fideofragmint

En de winner is.......

Hjoed de finale fan de IFKS-kampioenskippen yn de Lemster Baai. Sille de bruorren Los har foarsprong yn it klassemint behâlde of kinne Jelle Talsma of Siebo Zijsling der dochs noch foarby? Hoe dan ek de winner en syn bemanning sitte jûn oan tafel by Dieuwke Kroese op de Gaasterland.
 
Albert Jensma makke in reportaazje oer Sieb Meijer. Jierren lang in fêste wearde yn de A-klasse, mar no silend yn de B. En dêr wie it oan de lêste wedstryd ta tige spannend.
 
Fierder it lêste wedstrydferslach fan Eelke Lok en de analyse fan Klaas Jansma.

Mear ynformaasje

Skûtsjesjoernaal
Skûtsjesilen op 'e radio

Skûtsjesjoernaal

It Skûtsjesjoernaal komt dit jier alle dagen live fan it skip De Gaasterland. Under lieding fan de presintatoaren Simone Scheffer, Dieuwke Kroese en Arjen de Boer sil neipraat wurde oer de wedstriid fan de dei.

Skûtsjesilen 2010

Fan sneon 24 july ôf bringe wy wer trije wiken lang it Skûtsjesjoernaal. Fan moandei oant en mei sneon bringe wy it Skûtsjesjoernaal op televyzje fan 18.20 oere ôf. Sjoch nei reportaazjes, gasten oan tafel, analyzes en de útslach. It Skûtsjesjoernaal wurdt live fan skip De Gaasterland ôf útstjoerd.

 
Harkje live Harkje live Sjoch live Sjoch live
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
303112345
6789101112
13141516171819
20212223242526
27282930123
45678910
< foarige | folgjende >
© 2010 Omrop Fryslân
Afûk
Tryater
Open dag Leeuwarden o.i.m.
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Flaeijelfeest