Woansdei 9 juny om 18:30

Hjoed diel 2 fan de registraasje fan SjONG 2010

Sjong is it Frysktalich sjongfestival foar learlingen yn it fuortset ûnderwiis fan 12 oant en mei 18 jier.


Fia foarrondes wurde de finalisten bekend makke, wêrnei't op 24 april de finale plakfûn yn DOK18 yn Dokkum.

 Sjoch nei SjONG
Florianne & Patricia
Florianne & Patricia 
Bente
Bente 
Yfke & band
Yfke & band 
Hinke Bijma
Hinke Bijma 
Tiny & band
Tiny & band 
Zebra's can fly
Zebra's can fly 

Diel 2

By SjONG binne der net allinne prizen foar de bêste útfiering, mar ek foar de bêste Fryske teksten dy’t learlingen skriuwe op besteande popnûmers. De tekstsjuery, besteande út de skriuwers Jelle Bangma, Elske Kampen en Douwe Kootstra, beleanne dit jier foaral in stikje orizjinaliteit.
 
Sa gong de earste priis nei Marije Tolsma (13) fan Parregea mei ‘Falentijn’. De learling fan it Marne Kolleezje yn Boalsert waard troch de sjuery prize om har ‘eigen moaie en sfearfolle tekst’ op it nûmer ‘Make You Feel My Love’ fan Adele. Twadde waard Anke de Vries (15) fan Gytsjerk. De sjongeres fan Zebras Can Fly besette dêrmei twa twadde prizen mei it nûmer ‘In moaie simmerdei’. De tredde priis wie foar Jannieke Semplonius (12) fan it Bogerman yn Koudum mei ‘Tsien Tûzen Stjerren’ (‘Fireflies’ fan Owl City).
Marit Talens (14) fan Marssum wûn de publykspriis foar de bêste tekst mei it nûmer ‘Ik wol sjonge’. De learling fan it Stedelik Gymnasium yn Ljouwert krige 45% fan de yn totaal 340 stimmen foar har tekst op ‘Proud Mary’ fan Tina Turner.

Yn diel 2 de folgjende optredens
 
Florianne Swart & Patricia vd Wal - Wêr't ik bin
 
Bente  - Lúster
 
Yfke Kampen & band  - Us mearke
 
Hinke Bijma - Troch ús leafde
 
Tiny Dijkstra & band  -  Ik wol dy
 
Zebra's can fly - in moaie simmerdei

Sjong 2010

Sjong is it sjongfestival foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis fan 12 oant en mei 18 jier dat organisearre wurdt troch Omrop Fryslân en Cedin - taalsintrum Frysk. Op besteande nûmers wurdt in Fryske tekst skreaun. Fia foarrondes wurde de finalisten bekend makke, wêrnei't op 24 april de finale plakfûn yn DOK18 yn Dokkum.

 
Harkje live Harkje live Sjoch live Sjoch live
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
303112345
6789101112
13141516171819
20212223242526
27282930123
45678910
< foarige | folgjende >
© 2010 Omrop Fryslân
Afûk
Tryater
Open dag Leeuwarden o.i.m.
Lekker bûten ite
Flaeijelfeest