Yn de lêste ôflevering fan Simmer yn Fryslân fan dit seizoen binne we mei Geert yn rekreaasjedoarp Makkum. Makkum, it doarp oan de Iselmar stiet sintraal yn dizze Simmer yn Fryslân. As je oan Makkum tinke tinke je oan it strân en de Holle Poarte, mar der is folle mear. Seker as it spielt en it waait dat it rikket.
Geert sjocht en fart op de ienichste oerbleaune orizjinele Blazer, dy't prachtich restaurearre is en rûnfearten makket mei toeristen. Yn dit gefal setten se krekt útein nei Amsterdam foar Sail. www.tx33.nl Oan de oare kant fan de haven wurde hiele oare boaten boud. Ek foar rekreaasje, mar dan fan in meter as 40, 50 en mear. Skipswerf De Vries makket se en faak yn it grutste geheim. Se sille dan ek net op de Fryske marren farre. Makkum hat 3 brêgen en in slûs. Dy wurde betsjinne fanút 1 plak mei in hypermodern kompjûtersysteem. Mar se wurkje dan wol wer mei in klompke. En as je alle moaie plakjes fan Makkum besjoen hawwe kinne je ek mei in kapwein nei De Alfaers Erf Route. Dêr wurdt in tige grutte skildering fan Noachs Ark makke troch Antje van der Werf en leart Geert om drabbelkoeken te bakken. www.aldfaerserf.nlwww.antjevanderwerfpursang.nl
Yn Simmer yn Fryslân sil Geert van Tuinen op syk nei it ferhaal achter fakânsje besteging yn Fryslân. Fan in lytse jachthaven oant de grutste kamping, fan it djoerste hotel ta in bernekamp op Skylge. Wêrom komme minsken dêr graach, wêrom bijgelyks al 25 jier en wat dogge se de hiele dei. Geert lit him meinimme troch toerist en ûndernimmer. Hy moat ek yn elke ôflevering sels de hannen út de mouwen stekke en meihelpe...
Yn Simmer yn Fryslân sil Geert van Tuinen op syk nei it ferhaal achter fakânsjebesteging yn Fryslân. Fan in lytse jachthaven oant de grutste kemping, fan it djoerste hotel ta in bernekamp op Skylge.Wêrom komme minsken dêr graach, wêrom bygelyks al 25 jier en wat dogge se de hiele dei. Geert lit him meinimme troch toerist en ûndernimmer en moat sels ek de hannen út de mouwen stekke...