Myn talint, dyn talint. De jonge Fryske talinten jouwe inoar in opdracht. Soe it harren slagje elkoars talint oer te nimmen? En hokker medalje krije se foar harren prestaasje? Dizze wike binne dat keunstrydster Delianne Bouma en beatboxer Huite Loopik. Werhelling fan febrewaris 2010.
Huite Loopik wennet yn Heech, is 15 jier en hy beatboxt. Huite docht dat al sûnt syn 8e jier en hy tinkt dat beatboxen mear is as hiphop en de stêd. Hy sil hjoed yn de kunde komme mei it keunstriden. Delianne Bouma sil him de basisfeardichheden besykje oan te learen. Sil Huite ek talint ha foar it keunstriden ...en hokker medalje sil hy derfoar krije ?
Delianne is 16 jier en begûn mei keunstriden doe't se 8 jier wie.Se is 2 jier ferlyn twadde wurden by in KNSB wedstriid. Delianne soe yn de takomst graach meidwaan wolle oan in Holliday on ice show. Hjoed makket Delianne kennis mei Huite Loopik. Hy is beatboxer en sil it him slagje om Delianne it beatboxen te learen?En hokker medalje krijt sy derfoar?
Fjirdejiers studinten kommunikaasje fan de NHL Hogeschool hawwe yn gearwurking mei Omrop Fryslân in nij programma ûntwikkele. It programma bestiet út acht útstjoerings dêr't alle kearen twa jonge Fryske talinten yn sintraal stean. De koppels probearje elkoars talint út en jouwe elkoar in opdracht. Dat smyt ferrassende mominten op.