Yn Mûntsjesyl wennet en wurket Jan Fieten. De fan oarsprong Grinslanner is in apart fenomeen. Fieten is in útfiner, filosoof, miljeufreak en altyd yn striid mei de wrâld en maatskippij. Hoe't hy libbet, tinkt, syn striid fiert en syn kennis oerbringt op bern is te sjen yn JFK. In portret fan in man dy't eins net past yn de strukturearde wrâld dy't Nederlân hjit, mar it úteinlik wol rêdt.
Fieten is heechbegaafd, wurke lang as yngenieur yn Delft, mar paste net yn dy wrâld. Hy keas foar in eigen wrâld. Hy makket ûnder oaren houtkachels, mar makke ek in weintsje op sinne-enerzjy. Lang die hy dat yn Pieterzijl, mar troch dramatyske omstannichhheden baarnde syn hiele wurkpleats en hûs ôf, koe dat net mear. De striid dy't hy dêrfoar lang fierde mei de oerheid waard folge troch kameraman Theo Ligthart. Dit programma is earder útstjoerd yn jannewaris 2010
Minsken is in rige portretten oer Friezen mei in bysûndere passy, libbenswize of karriêre, dy’t harren dêrfoar ynsette. It binne gjin bekende Friezen, mar gewoane minsken dy'tst alle dagen tsjinkomme kinst, mar dy’t dochs in hiel bysûnder libben hawwe.