Freed 16 april om 18:30

Jantien de Boer is sjoernaliste by de Ljouwerter Krante. Se is it bekendst as fêste kolumniste yn de sneonsedysje fan dy krante. Dêryn skriuwt se oer har gesin, it libben fan de moderne frou en oer har feministyske opstigings.

Twa jier ferlyn is der sels in boek mei dêryn har sammele kolumns útkaam. Jantien sil hjoed it avontuer mei Reitse oan en sy giet mei him nei Flylân om oesters te sykjen.

 Sjoch nei Lekker ite mei Reitse
 

Jantien de Boer

Jantien de Boer is sjoernaliste en kolumniste by de Ljouwerter Krante. In soad minsken kenne har fan har fêste column yn de Sneonsedysje fan de LC. Yn har skerpe kollums skriuwt Jantien oer har man en bern, it libben fan de moderne frou en oer har feministyske ynstelling.

Ferline jier is in boek fan Jantien útkaam mei dêr har sammele columns yn. Dat boek hat de enervearjende titel: ‘Dwars!; over moetmeisjes, rotmannen en hoogopgeleide boterhammen’. By de boekpresintaasje wiene in soad fans fan Jantien.Reitse brûkt yn dizxe ôflevering biologyske tomaten. Se binne teeld op de kâlde grûn en smeitsje dêrom ek o sa lekker. De measte tomaten dy't wy ite, komme fan kwekers, om't wy minsken it hiele jier tomaten ite wolle. Dy tomaten wurde kweekt op in soart stienwol. Se krije allegeare deselde groeistoffen. Dy tomaten smeitsje oars, omdat de groeistoffen ek oars binne. Jimme moatte net tinke dat dat net goed is...it is oars.
Reitse seit genetysk, mar dat is dus net sa. De groeistoffen bin oars. Krije jimme de kâns? Besykje it mar! Priuw en fergelykje.


 

 

Oesters

Fan Flylân komt it haadyngrediënt fan de dei: oesters. Je moatte derfan hâlde, mar de measte minsken dy't der ris ien besykje, komme der noait mear ôf. En wy teste oft de minsken op strjitte wol oesters meie. Dêrfoar binne wy op 'e Harkema en yn Beetstersweach.

Resept

Oesters
oesters (socht op it Waad), mei readewynjittik en sjalotten

Kabeljau mei tomaat
Prachtige rêch fan 'e kabeljau
mei marinearre tomaat en stimpstamp fan kropslaad

priuwerij op strjitte
priuwerij op strjitte 

Oesters

Tsja., wat kin ik derfan sizze, gewoan dwaan. Freegje de fiskboer om oesters. We hawwe sjoen dat der in soad oesters op it Waad binne. Mar de fiskboer hat se fansels ek te keap.

Hoe je se klearmeitsje
Krij in spesjaal oestermes en in skûlk. Hâld de oester yn 'e skûteldoek en druk mei it oestermes op 'e ein fan 'e oester. Dêr sit de slútspier dy’t de oester ticht hâldt. Wês foarsichtich. Stek josels net! De oester lossnije en optsjinje mei in bytsje readewyjittik en in sjalotsje. Mar sa puer ite is it lekkerst, mei in bytsje piper. De lekkerste wyn dêrby is Chablis, mar in oare droege, wite wyn kin fansels ek lekker wêze.

Kabeljau

Kabeljau  mei tomaat 
Fisk moat farsk wêze. Dat jildt fansels foar alle dingen, mar by fisk is it fan grut belang. Fisk bliuwt trije dagen goed. In farske fisk rûkt nei de see en nei it wetter. Hy hat bolle eagen en glâns op 'e hûd. Fisk út 'e djipfriezer nim ik leaver net foar kar. Soks kin wol goed wêze, mar dan moatte jo de fisk op 'e goede wize ûntteie. Lit de fisk dan stadich yn 'e kuolkast yn in dei ûntteie. Minsken hawwe dêr meastentiids gjin tiid foar. En sadwaande sis ik nochris: Farsk is it bêste.

Foar 4 minsken
4 x 200 gram kabeljaufilets, rêchstikken mei it fel der noch op
8 tomaten
¼ liter oliifoalje
4 teannen knyflok
Bosk frisse basilikum
100 gram meagere spekreepkes, útbakt

Foar de stimpstamp (stamppot):
400 gram skylde jirpels
2 dl molke
50 gram bûter
1 ytleppel moster
1 kropslaad, fynsnijd

Hoe't je it klearmeitsje yn 30 minuten

Ferwaarmje de oven op 80 graden. Snij de grutte tomaten yn fjouwer stikken en helje de siedsjes derút. Hak de knyflok fyn en snij de basilikumbledsjes foarsichtich yn tinne reepkes. Nim in ovenskaal, doch de tomaten mei de knyflok en de basilikum deryn en jit de oalje oer de tomaten. Lit de tomaten 30 minuten yn de lijwaarme oven stean. Sied de jirpels gear en lit se droechstome. Stamp de droege jirpels en meitsje der in smeuïge stamppot fan troch de molke en de bûter derby te dwaan. Hâld de puree waarm. It  fynsnijde slaad en de spekjes komme as lêste dertroch. Doch in bytsje sâlt en piper op 'e stikken kabeljau. Nim in tefalpanne en doch dêr in bytsje bûter yn. Lit de bûter útbrûze en doch de fisk foarsichtich dêryn. Bak de fisk, earst oan 'e kant mei it fel derop twa minuten en dêrrnei oan 'e oare side ek twa minuten. Behannelje de fisk hoeden troch him mei in grutte platte spatel om te draaien. Lis de fiskfilets yn in fjoerfêste skaal en meitsje no de stamppot ôf. Doch de fisk noch 4 minuten yn de waarme oven om noch in bytsje nei te gearjen. Lis de stampot op foarferwaarme itenspannen.  Lis de fisk derop en de tomaat op 'e fisk. Drippelje de oalje deroerhinne.

Sa, en no mar lekker ite. Doch it jim oan tiid, nim in glês droege, wite wyn derby en genietsje fan 'e traktaasje.

"Lekker ite mei Reitse" diel 2

Ynklusyf bonus-dvd mei acht ôfleverings fan it lyknammige Omrop Fryslân televyzjeprogramma.

Bestel it boek !

'Lekker ite is in foarm fan gelok.' Dat is it motto fan televyzjekok Reitse Spanninga fan restaurant 't Plein op 'e Jouwer.
Yn dit twadde diel fan it boek Lekker ite mei Reitse stean syn favorite (basis)resepten sintraal, mar ek hearlike Fryske tapa's en komplete menu's om fan te genietsjen mei famylje en freonen.

Lekker ite mei Reitse

Yn dizze rige fan 'Lekker ite mei Reitse'...sil Reitse iten siede mei in oar foar in oar. It doel is om immen te ferrassen dy’t it fertsjinne hat om ris ferwend te wurden mei in goed miel. Op de oprop kamen goed 150 oanmelding en de kar wie dreech, mar jo sille yn acht wike in grut ferskaat oan ferhalen sjen Mei wa en werom sil Reitse Spanninga dizze wike itensiede?

 
Harkje live Harkje live Sjoch live Sjoch live
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
303112345
6789101112
13141516171819
20212223242526
27282930123
45678910
< foarige | folgjende >
© 2010 Omrop Fryslân
Afûk
Tryater
Open dag Leeuwarden o.i.m.
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Flaeijelfeest