Tiisdei 20 july om 18:30

De 11&30 programma's fan Omrop Fryslân geane oer de skiednis fan Fryslân. Hjoed giet it oer Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra en it twadde finster giet oer it Oera Linda-boek.

Te sjen op Nederlân 2. Snein is de werhelling by Omrop Fryslân.

Sjoch ek www.11en30.nu

 Sjoch nei de útstjoering

Domela en Piter Jelles - Earmoede en garisma (1880-1900)

Yn it klimaat fan earmoede en fan opkommend ferset dêrtsjin stapten nei 1880 yn Fryslân twa tige links-oriïntearre polityk lieders nei foaren: Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra.

Byld Troelstra
Byld Troelstra 

It Oera Linda-boek - It mystifisearre Fryslân (1867)

It nuverste produkt fan de njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer is: it Oera Linda-boek. Krekt dat geheimsinnige, anonym publisearre boek is it slagge om oant yn de fierste hoeken en hernen fan de wrâld troch te dringen.

Mear ynformaasje

Skiednis op skoaltelevyzje
Friese geschiedenis op school-tv

Skiednis op skoaltelevyzje

Op basis fan ‘e Fryske kanon makket Omrop Fryslân skoaltelevyzje in nije searje televyzjeprogramma’s oer de iere skiednis fan ús provinsje. Dy programma’s binne bedoeld foar de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis. Fan freed 31 oktober ôf is elke freedtemoarn om 10.00 oere op Nederlân 2 in ôflevering te sjen. It programma wurdt herhelle op de snein dêr nei, fan 16:00 oere ôf, op de eigen stjoerder fan Omrop Fryslân.Presintator Freark Smink liedt de sjogger troch de earste tolve finsters fan ‘e Fryske kanon. Op dy wize ûntstiet in kronologysk byld fan it ûntstean fan ús provinsje, fan ‘e earste bewenners yn ‘e preehistoarje oant en mei de ein fan ‘e Midsiuwen. Terpen, Romeinen, keningen, kleasters, de Fryske frijheid en Grutte Pier komme fansels foarby, mar ek minder bekende en ferrassende ûnderwerpen.Skiednis om nei te sjen, net allinne ynteressant foar skoalbern, mar foar elkenien fan tsien oant hûndert!

Kanon Fryske Skiednis

Yn dit programma wurde oan 'e hân fan fideoklips de hichtepunten yn de Fryske skiednis bekendmakke. Dat nei oanlieding fan de Kanon fan 'e Fryske skiednis dy't de lêste jierren ûntwikkele is.

 
Harkje live Harkje live Sjoch live Sjoch live
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
303112345
6789101112
13141516171819
20212223242526
27282930123
45678910
< foarige | folgjende >
© 2010 Omrop Fryslân
Afûk
Tryater
Open dag Leeuwarden o.i.m.
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Flaeijelfeest