Tongersdei 1 novimber om 19:20

Yn K-Rûte Kafee hat Douwe Heeringa de folgjende gasten oan tafel:

* Jannewietske de Vries

* Jan van Friesland

 Sjoch nei K-rûte Kafee
Jannewietske de Vries
Jannewietske de Vries 

Jannewietske de Vries

Jannewietske de Vries is no sa’n heal jier deputearre fan Keunst en kultuer. We hawwe heard dat se har drok oan it ynwurkjen is en ek fernommen dat se al wat ideeën op papier hat. De fraach is: wat docht se no krekt sa’n hiele dei en wat wol se úteinlik berikke. Op de webside stiet dat Jannewietske eartiids op it muzykkorps yn Grou sitten hat en ek in skoft foarsitter west is fan it iepenloftspul fan Jorwert. In aardige start dus. Mar is dat genôch?

Tidens de opnames fan syn film
Tidens de opnames fan syn film 

Jan van Friesland

Hy wurke 4 jier oan de film “Het evangelie van Caesar – zoektocht naar de ware Christus”. Dizze dokumintêre is bassearre op de ûntdekking fan de taalkundige Francesco Carotta dat der in hiel soad oerienkomsten binne tusken de teksten dy’t oer Jezus Christus skreaun binne en de biografie fan Julius Caesar. Syn konklusy is dan ek dat it hjir om deselde persoan gean moat. Jezus Christus is yn werkelikheid Caesar west. (In bom ûnder it tradysjonele Christlike leauwen ) De theorie is net hielendal ûnomstriden. Guon hawwe it oer dwaalljochterij. Mar Van Friesland en in hiel soad foaroansteande ynternasjonale witteskippers mei him leauwe der hillich yn. Jan van Friesland is regisseur en programmamakker (u.o eardere einredakteur fan ‘Buitenhof’) Hy is berne en opgroeid yn Minnertsgea en wennet yn Utert.

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Yn it programma is in breed ferskaat oan ûnderwerpen op kultureel mêd te sjen, fan rappers oant NNO en fan jeugdteater oant Tryater. We litte sjen wat der spilet, dûnset, skilderet en sjongt yn Fryslân en bytiden ek dêrbûten.

 
Harkje live Harkje live Sjoch live Sjoch live
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
2930311234
567891011
12131415161718
19202122232425
262728293012
3456789
< foarige | folgjende >

Reaksje

Stjoer in reaksje nei de redaksje fan dit programma.
Jo e-mail
Reaksje

© 2010 Omrop Fryslân
Afûk
Tryater
Open dag Leeuwarden o.i.m.
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Flaeijelfeest