Dizze wike yn de K-rûte: Belibje we gedichtedei tegearre mei postboade en dichter Hidde Boersma. We binne by it jubileum fan de FRIA. De Fryske fakferiening foar byldzjende keunst. En we binne by Sijke Vellekoop - Booi fan de Houtigehage. Sy makke as jazzartyste yn de 50-er jierren wrâldwiid furoare ûnder de namme Sanny Vally. No wennet se yn Drachten en K-rûte wie by har op'e kofje.
Tongersdei 28 febrewaris is it gedichtedei. Lykas elts jier binne der yn it hiele lân aktiviteiten wer yn't poëzy sintraal stiet.Dit jier is it tema Oer de grins. Joure is ien fan de 9 plakken yn Fryslân wêr foardroechen wurde sil. De K-rûte folget Fries om útens Hidde Boersma.Hidde Boersma is postboade yn Utert. Hy is al in tal jierren aktyf yn de literêre wrâld. Sa publisearre er ûnder mear gedichten yn it tydskrift Hjir en yn Dream yn blauwe reinjas / Droom in blauwe regenjas en kollums op it ynternettydskrift Farsk. Ek stie der ferhalend proaza fan him yn Hjir en de twatalige bondel Flesse(n)post.
De Fria bestiet 25 jier. Dizze Fryske fakferiening foar byldzjende keunst bestiet út in klup keunstners dy't dit jubileum fiere sille mei in grutte groeps-eksposysje yn Museum Martena yn Frjentsjer. Yn 1985 waard Fria oprjochte út ûnfrede mei de ferdieling fan de provinsjale subzydzjes. Mar hoe sit is anno 2010 mei dy ûnfrede en is sa'n feriening eins noch wol nedich? De K-rûte siket it út.
Sijke Vellekoop-Booi. In frou mei in bysûnder ferhaal. Dik 90 jier lyn waard se berne yn De Houtigehage mar skopte it yn de jierren ’50 hiel fier as jazzartyste. Tegearre mei har man spile se ûnder de namme Sanny Vally yn Los Compañeros. Se song en spile trompet en toerde mei dit kombo troch hiel Europa en bedarre ek yn Belgysk Congo. Meastentiids wie dit yn it ramt fan optredens dat sy dienen op Amerikaanske legerbasissen en kazernes. Dêrneist posearde sy yn dy jierren ek noch as model foar keunstners as Karel Appel en Corneille.
K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Yn it programma is in breed ferskaat oan ûnderwerpen op kultureel mêd te sjen, fan rappers oant NNO en fan jeugdteater oant Tryater. We litte sjen wat der spilet, dûnset, skilderet en sjongt yn Fryslân en bytiden ek dêrbûten.