Tongersdei yn K-rûte: NNO spilet Pink Floyd by de Wetterpoarte yn Snits. De alfde edysje fan it Freeze Festival yn de Harmonie. Twaling spilet Fryske Simon & Garfunkel. En in nije edysje fan it Media Art Festival yn Ljouwert.
As ôfslúting fan de Sneker Simmer eveneminten spile it Noord Nederlands Orkest (NNO) tegearre mei de sjongers Bert Heerink, Antonie Kamerling en Erik Mesie muzyk fan de legindaryske popformaasje Pink Floyd. Hjirfoar wie in ekstra grut poadium delsetten yn de kolk neist de Wetterpoarte. Albert Jensma wie derby.
Sneon 22 septimber fûn de alfde edysje fan it Freeze Festival plak yn de Harmonie. Der wie wer in breed oanbod fan muzyk, fan it hurde Deadhorserunning, tot it elektroanyske en akoestyske Jean Parlette. K-rûte makke in reportaazje fan dit evenemint.
De twaling Peter en Engbert Braam komme mei in nije CD, wêrop se nummers fan it al om bekende duo Simon en Garfunkel omsetten ha nei it Frysk. Karst Spinder woe mear witte oer dizze muzikale broers.
It Media Art Festival fan dit jier stiet yn it teken fan ynnovative mediakeunst, jong talint en ‘creative industry’. Neist film en muzyk is der û.o. oandacht foar ynternet, nije media en performances. De fisy fan it barren mei dúdlik wêze: “Kunst voor iedereen”! Herman Zeilstra folge in oantal projekten.
K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Yn it programma is in breed ferskaat oan ûnderwerpen op kultureel mêd te sjen, fan rappers oant NNO en fan jeugdteater oant Tryater. We litte sjen wat der spilet, dûnset, skilderet en sjongt yn Fryslân en bytiden ek dêrbûten.