Woansdei 8 septimber om 17:17

Yn dizze K-rûte de folgjende ûnderwerpen:

* De man fan Myra, iepenloftspul yn Hellinghaven fan Grou

* Nije útstalling yn Natuurmuseum: "Buitenbeentjes"

* Fotografe Eva Gjaltema eksposearret mei har famylje bij Fotomanifestataasje Noorderlicht

 

De man fan Myra




Yn Grou wurdt nije wike in nijsgjirrich iepenloft-muzykteaterstik opfierd: De man fan Myra. It is de earste kear dat soks yn Grou bart. It poadium, hoe kin it ek oars yn in wettersportdoarp, leit yn de haven en der komme in soad ‘driuwende saken’ foarby.
De premjêre is op woansdei 8 septimber. It spannende ferhaal fan dizze nije produksje wurdt ferteld troch muzyk dy't der spesjaal foar skreaun is. Yn it ferhaal meitsje de skriuwers in knypeach nei Sint Piter en ‘De Vliegende Hollander’. It sil grif in fisueel spektakel wurde mei in opfallend dekôr en bysûndere kostúms. It publyk kriget in protte ferrassende eleminten te sjen.
Oanlieding foar it iepenloftspul is it resp. 150- en 90-jierrich  bestean fan de lokale Koninklijke Watersportvereniging Frisia en de Ferieniging Foar Folksformaken (FFF). Aardich om te witten  is dat de FFF ûntstien is as organisator fan de wâlaktiviteiten ûnder it hurdsilen fan Frisia. Dêrom stean der ek Grousters mei talint op it toaniel. De foarmjouwing fan it stik stiet ûnder lieding fan de teatermakkers fan BUOG, Pieter Stellingwerf en Kees Botman. Peter Sijbenga hat de teksten skreaun en de muzyk komponearre.

 www.demanfanmyra.nl

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Yn it programma is in breed ferskaat oan ûnderwerpen op kultureel mêd te sjen, fan rappers oant NNO en fan jeugdteater oant Tryater. We litte sjen wat der spilet, dûnset, skilderet en sjongt yn Fryslân en bytiden ek dêrbûten.

 
Harkje live Harkje live Sjoch live Sjoch live
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
303112345
6789101112
13141516171819
20212223242526
27282930123
45678910
< foarige | folgjende >

Reaksje

Stjoer in reaksje nei de redaksje fan dit programma.
Jo e-mail
Reaksje

© 2010 Omrop Fryslân
Afûk
Tryater
Open dag Leeuwarden o.i.m.
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Flaeijelfeest