Diel 6 fan It ryk fan 'e muzyk, oer korpsen en koaren yn Fryslân. Yn dizze lêste ôflevering is it poadium foar it Frysk Fanfare Orkest. It FFO is it flaggeskip fan de Fryske Fanfarewrâld. Yn july 2009 spilen se yn Cincinatti op de ynternasjonale konferinsje fan symfoanyske koperorkesten. Dirigint Jouke Hoekstra en syn partner Jantsje Westra foarmje de artistike en organisatoaryske motors fan dit orkest.
Diel 6 fan It ryk fan 'e muzyk, oer korpsen en koaren yn Fryslân.Yn dizze lêste ôflevering is it poadium foar it Frysk Fanfare Orkest.It FFO is it flaggeskip fan de Fryske Fanfarewrâld. Yn july 2009 spilen se yn Cincinatti op de ynternasjonale konferinsje fan symfoanyske koperorkesten. Itselde programma spylje se op in konsert yn de rige "Blazen in de Beurs" yn de Beurs van Berlage yn Amsterdam. Dirigint Jouke Hoekstra soarget der foar dat it orkest regelmjittich nije muzyk útfiert. Ut en troch wurde der wurken spesjaal foar it FFO komponearre. Ek no wer. De Lúksemboarchske húskomponist Marco Pütz hat in stik skreaun foar it konsert yn Cincinatti. Four Earth Songs, oer de bedriging fan natoer en miljeu.Mezzo sopraan Netty Otter fan De Jouwer sjongt de fjouwer lieten, mar hat it sa no en dan wol dreech mei it kompakte fan it orkest. Jouke Hoekstra en syn partner Jantsje Westra foarme de artistike en organisatoaryske motors fan dit orkest dat al 25 jier it nvio heech hâldt.Falt der wat te winsken oer? Ja, dat der wat mear finansjele stipe komt foar de ambysjes dy't dit orkest mear as wier makke hat.... www.fryskfanfareorkest.nl
It programma wol sjen litte dat Fryslân in hiel ryk klimaat hat oan koaren en HaFaBrakorpsen. Doel fan it programma is sjen te litten hoe’t dy foarmen fan muzyk woartele binne yn de Fryske mienskip. De muzyk sels, mar benammen ek de minsken dy’t de muzyk meitsje en hoe’t se dat belibje, stean yn ‘e rige sintraal.
Yn elke ôflevering hat ien koar of korps de haadrol. It giet om bysûndere gearwurkingsfoarmen, bysûndere projekten en/of in bysûnder repertoire. It Ryk fan ‘e Muzyk bringt persoanlike ferhalen en ferhalen oer it wol en wee yn dizze muzykwrâld. It programma sjocht by repetysjes en by minsken thús en bygelyks by de organisaasje fan optredens.
Pogramma mei muzikale portretten fan korpsen en koaren yn Fryslân. Yn eltse útstjoering stiet ien korps of koar sintraal yn optredens en ferhalen.