Sneon 10 april om 18:00

* Finansjeel drege tiid foar brune float Harns

* Nije brieven Mata Hari te sjen yn Fries Museum

* Ympuls foar Fryske fanfare-korpsen.

* Cambuur wis fan twadde plak yn kompetysje

 Besjoch it fideofragmint

Attraksjepark Fryslân

Beleef Friesland en Hou je van water, dan kom je naar Fryslân!. Sa besiket promoasje-organisaasje Fryslân Marketing ús provinsje oan de man te bringen. Mar wat is no echt de reden foar toeristen om nei Fryslân te kommen? Wat is der hjir sa leuk? Binne it echt de marren en it wetter of is hjir eins net safolle te belibjen?
 
Yn ús simmerrige Attraksjepark Fryslân giet in ferslachjouwer fan Hjoed alle dagen op 'en paad mei Nederlânske toeristen yn Fryslân. Mei harren sille wy nei allerhande aktiviteiten en eveneminten om te ûndersykjen wat sy fan ús provinsje fine en mei wat foar eagen sy nei de Friezen, de Fryske taal en kultuer en it Fryske wêzen sjogge.

Eens maar nooit weer?

Wat is der oan it skûtsjesilen, is de Boerebrulloft net hiel saai, binne al dy Fryske musea wol nijsgjirrich genôch, of learst de Friezen pas echt kennen op in doarpsfeest?

En fansels wolle wy fan de fakânsjegongers witte oft Fryslân echt 'it moaiste lân fan d'ierde' is dêr't sy graach wer ris komme, of is it 'eens maar nooit weer' ?

Attraksjepark Fryslân is der fan moandei 26 july ôf alle wurkdagen yn Hjoed.

Jo yn it attraksjepark?

Nederlânske toeristen dy't de kommende wiken hjir yn Fryslân op fakânsje binne en ek wolris mei in televyzjeploech fan Hjoed op stap wolle, kinne harren ek sels melde by de redaksje. Wy hearre graach hokfoar aktiviteit sy ris meimeitsje wolle en mooglik wurdt der dan in aardige televyzjereportaazje fan makke. Maile kin nei redaksje@omropfryslan.nl of belje 058 - 2997780.

Hjoed 18.00 oere

Hjoed is it televyzjesjoernaal fan Omrop Fryslân dat alle dagen, útsein op snein, it wichtichste nijs fan Fryslân bringt. Fan ûngelokken en brannen oant politike kwestjes en alles wat ús dwaande hâldt. Mar Hjoed reizget ek wolris nei it bûtenlân, as dêr oanlieding foar is. De Hjoed-edysje fan 18.00 oere wurdt noch deselde jûn ûndertitele. De ûndertitele ferzje is te besjen op www.doventv.nl

 
Harkje live Harkje live Sjoch live Sjoch live
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
2930311234
567891011
12131415161718
19202122232425
262728293012
3456789
< foarige | folgjende >

Reaksje

Stjoer in reaksje nei de redaksje fan dit programma.
Jo e-mail
Reaksje

© 2010 Omrop Fryslân
Afûk
Tryater
Open dag Leeuwarden o.i.m.
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Flaeijelfeest