* Mooglik aksjes personiel Friesland Bank * Heechste wynmûnen Fryslân yn gebrûk nommen * Underhâldsplicht sleatten en fearten feroaret
Beleef Friesland en Hou je van water, dan kom je naar Fryslân!. Sa besiket promoasje-organisaasje Fryslân Marketing ús provinsje oan de man te bringen. Mar wat is no echt de reden foar toeristen om nei Fryslân te kommen? Wat is der hjir sa leuk? Binne it echt de marren en it wetter of is hjir eins net safolle te belibjen? Yn ús simmerrige Attraksjepark Fryslân giet in ferslachjouwer fan Hjoed alle dagen op 'en paad mei Nederlânske toeristen yn Fryslân. Mei harren sille wy nei allerhande aktiviteiten en eveneminten om te ûndersykjen wat sy fan ús provinsje fine en mei wat foar eagen sy nei de Friezen, de Fryske taal en kultuer en it Fryske wêzen sjogge.
Wat is der oan it skûtsjesilen, is de Boerebrulloft net hiel saai, binne al dy Fryske musea wol nijsgjirrich genôch, of learst de Friezen pas echt kennen op in doarpsfeest?En fansels wolle wy fan de fakânsjegongers witte oft Fryslân echt 'it moaiste lân fan d'ierde' is dêr't sy graach wer ris komme, of is it 'eens maar nooit weer' ?Attraksjepark Fryslân is der fan moandei 26 july ôf alle wurkdagen yn Hjoed.
Nederlânske toeristen dy't de kommende wiken hjir yn Fryslân op fakânsje binne en ek wolris mei in televyzjeploech fan Hjoed op stap wolle, kinne harren ek sels melde by de redaksje. Wy hearre graach hokfoar aktiviteit sy ris meimeitsje wolle en mooglik wurdt der dan in aardige televyzjereportaazje fan makke. Maile kin nei redaksje@omropfryslan.nl of belje 058 - 2997780.
Hjoed is it televyzjesjoernaal fan Omrop Fryslân dat alle dagen, útsein op snein, it wichtichste nijs fan Fryslân bringt. Fan ûngelokken en brannen oant politike kwestjes en alles wat ús dwaande hâldt. Mar Hjoed reizget ek wolris nei it bûtenlân, as dêr oanlieding foar is. De Hjoed-edysje fan 18.00 oere wurdt noch deselde jûn ûndertitele. De ûndertitele ferzje is te besjen op www.doventv.nl