Hast 2000 euro ophelle mei aksjes op de Fryslân 4 War Child finale dei!!! Kaam it troch leuke aksjes, troch de ynset fan safolle bern, troch ferslachjouwers en kameraploegen op lokaasje of dochs gewoan troch it moaie waar? Makket net út! De finaledei op freed 4 juny wie in grut sukses, mei in opbringst fan yn totaal hast 2000 euro!! Mei dit bedrach komt de teller op 10.000 euro te stean! En it skoaljier is noch net foarby.
Der stean noch aksjes pland en wa't noch in aksje dwaan wol kin har fansels op fryslan4warchild.nl noch oanmelde. Oan it begjin fan it nije skoaljier wurdt it totaalbedrach, dat noch ferdûbele wurdt troch de Provinsje, bekend makke.
Spultsjes en gedichten op de Paedwizer yn BeetstersweachSmite mei in wiete spûns, sekje rinne, snoep happe en in bal yn in gat goaie. Dat dienen de bern fan de Paedwizer yn Beetstersweach neidat alle gedichtebondels útferkocht wienen. Mar se moasten der wol foar betelje! Mei in spultsjekaart gienen de bern ûnder begelieding fan groep 7 en 8 by de spultsjes del. De aksje levere mar leafst 650 euro op.Gedichtje út de bondel, fan Detmer VisserWar Child helpt!Ik ben nog maar een klein kind,maar toch moet ik strijden om wie er wintZe geven mij drugs en andere dingen,maar ik zie het nog steeds voor mijtoen er mensen om mij heen dood gingen.. Nu kan ik leuk spelen met andere kinderen.Gelukkig kan ik dankzij War Child nog maar weinigvan de oorlog herinneren
Fyts 'm dr yn!! troch de Tjongeling AldeberkeapNoch net earder wie it sa drok yn haven de Uutwiek fan Aldeberkeap. En net mei boaten..... mar mei fytsen! Groep 8 fan basisskoalle de Tjongeling organisearre dêr in spektakulêre aksje: Fiets ‘m dr in! Elkenien mocht foar € 1 meidwaan en wiet wurde! Foar wa't der honger of toast fan krige wienen der donuts, drinken en iis te keap . En der waarden prizen fuortjûn! De priis foar de sneltste tiid wie in echte beker, foar de moaiste fyts 2 dvd's en spultsjes en de pechfyts krige ek in dvd. Der dienen 70 bern en 3 folwoeksenen mei oan dizze wiete spektakulêre aksje, dy’t in hiele dikke 500 euro opbrocht!
Boppebou fan de Barte yn Froubuorren op 'e planken yn St AnneGewoan sels in optreden organisearje ast net yn de finale fan it bernesjongfestival komst. Dát ha de bern fan basisskoalle de Barte fan Froubuorren dien, yn it buerthûs fan Sint Anne. Yn maart hie groep 8 meidien oan de foarrondes fan it bernesjongfestival, mar gienen doe spitigernôch net troch nei de finale. Se lieten har lykwols net út it fjild slaan en stienen freedtejûn op de planken yn Sint Anne. Der waard dûnse, song en toaniel spile foar wa't it mar sjen woe. En dat wie in grut sukses: 800 euro foar Fryslân 4 War Child!!
Fryslân 4 War Child is de gearwurking tusken Omrop Fryslân, Skoaltelevyzje en War Child. Bern, masters, juffen, heiten en memmen yn Fryslân helpe bern yn oarlochsgebiet.Troch aksjes te dwaan dy’t jild opsmite foar dizze bern.Want dizze bern ha it faak swier. Se binne meast bang en yn de war. War Child leart se wer boartsjen en plesier meitsjen.Yn juny 2010 wurdt de aksje ôfsluten en de totale opbringst oermakke oan War Child. Neidat de Provinsje Fryslân it bedrach ferdûbele hat!
Stap 1: Betink mei in groepke bern, ien fan de groepen of de hiele skoalle in aksje.Stap 2: Folje it oanmeldingsformulier op de site: www.fryslan4warchild.nl yn. Wy nimme dan kontakt mei jimme op, sadat wy de aksje filmje kinne.Stap 3: Doch de aksje op it mei Omrop Fryslân ôfpraten tiidstip.Stap 4: Meitsje de opbringst fan de aksje oer op it rekkennûmer Fryslân4WarChild: 29.60.00.930
De nijste sjoernaaltsjes en reportaazjes binne te finen op YouTube. Hokker aksjes binne no dwaande? Besjoch it op Fryslân 4 War Child Youtube!http://www.youtube.com/fryslan4warchild
Fryslan 4 War Child: in gearwurking tusken Omrop Fryslân Skoaltelevyzje en War Child. Bern en skoallen helpe bern yn oarlochsgebiet mei jildinsammelingsaksjes. Omrop Fryslân is derby en makket items oer dizze aksjes! De aksje Fryslân 4 War Child rint troch oant yn alle gefallen de simmerfakânsje ta.