Dokumintêre oer tolve keunstwurken oan 'e farrûte De Lemmer-Delfsyl. Se binne makke troch ûntwerpers, typografen, dichters en skriuwers. Taal, byld en lânskip wurde ta in organysk gehiel. De dichters/skriuwers Tsead Bruinja, Gerrit Krol en de ûntwerpers Bigger Wierma en George Moorman fertelle oer it ûntstean fan harren bydrage.
Yn de nije dokumintêre Woordenstroom hawwe regisseurs Jasper Huizinga en Lotte Veltman in sfearfol en hast poëtysk portret makke fan de byldzjende keunstwurken dy’t op de farrûte Lemmer - Delfzijl in bysûndere plak krigen ha. Nederlânske keunstners hawwe de rûte moai makke mei harren wurk yn opdracht fan de provinsje Grinzerlân, de provinsje Fryslân en Rijkswaterstaat. Lâns de farrûte binne tolve semypermaninte taal- en byldkeunstwurken pleatst. Dy binne ûntworpen en útfierd troch tolve gelegenheidskoppels dy’t bestean út ûntwerpers/typografen as Wigger Bierma en Milou van Ham en dichters/auteurs as Gerrit Krol, Kees van ‘t Hart en Tsead Bruinja. Ynspireard troch de farwei bielden sy harren fysje út op de rûte, it wetter en it lânskip, dat brochten sy byinoar as ien organysk gehiel. Yn de dokumintêre fertelle de keunstners oer it ûntstean fan de keunstwurken, harren fysje en harren ynspiraasje. De dokumintêre is produsearre troch “Stichting Beeldlijn” yn gearwurking mei Omrop Fryslân.
Alle wiken wurdt der in dokumintêre fan Omrop Fryslân útstjoerd op Nederlân 2, sneins om 14.00 oere. Jûns kinne jo de dokumintêres ek weromsjen op Omrop Fryslân om 18.00 oere en tongersdeis om 17.15. Nei ôfrin kinne jo it programma ek altyd weromsjen op ús website www.omropfryslan.nl