It eilân Helgolân makke diel út fan it âlde Fryslân dat yn de midsieuwen lâns de seekust fan Noard-Fryslân yn Dútslân oant Noard-Hollân rûn. Ien kear yn de trije jier organisearret de Ynterfryske Rie in treffen tusken de Friezen út dizze gebieten. Wat de Friezen bynt binne de taal en kultuer. Op Helgolân wurdt noch it Halunder praat, in eigen Fryske taalfariant, mar it gebrûk fan de taal nimt bot ôf.
Yn de reportaazje oer Helgolân wurdt de moeting tusken de Friezen folge en fertelle Helgolanders oer de skiednis fan it reade rotseilân. De bewenners wienen tidens de twadde wrâldoarloch evakuearre nei oare plakken yn Dútslân. Helgolân wie de útfalsbasis fan de Dútske oarlochsfloat, it eilân waard nei de oarloch troch de Ingelsken folslein plat bombardearre.
Alle wiken wurdt der in dokumintêre fan Omrop Fryslân útstjoerd op Nederlân 2, sneins om 14.00 oere. Jûns kinne jo de dokumintêres ek weromsjen op Omrop Fryslân om 18.00 oere en tongersdeis om 17.15. Op Nederlân 2 is de werhelling op sneons 12.25. Nei ôfrin kinne jo it programma ek altyd weromsjen op ús website www.omropfryslan.nl