Tongersdei 2 septimber om 18:30

Boppeslach Kafee is noch op fakânsje. Ynstee dêrfan sjogge we werom op de hichtepunten fan Boppeslach yn de ôfrûne 15 jier. Yn dizze ôflevering de prachtige searje út it seioen 2002/2003 oer de sânde klasse, toen noch de leechste klasse fan it amateurfuotbal.

De sânde klasse sleepte yn 2003 in Nederlânske en in ynternasjonale televyzjepriis yn de wacht.

Mear ynformaasje

Boppeslach Kafee
Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee is it sportpraatprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Om bar presintearje Simone Scheffer en Arjen de Boer it programma dat jûns fan 18.30 oant 19.00 oere te sjen is. 
 
Bekende en minder bekende sporters út de hiele provinsje skowe oan mei harren ferhaal. En as der oanlieding foar is prate we ek mei bestjoersleden en politici. As it mei sport te krijen hat sit Boppeslach Kafee der boppe op.
 
Boppeslach Kafee, tongersdeis 18.30-19.00 oere. Nochris te sjen de hiele jûn en nacht ienris yn de oere.

Publyk by Boppeslach Kafee
Publyk by Boppeslach Kafee

Opjaan as publyk

In jûn fuort mei jo sportferiening.
 
Jou jo dan op as publyk by Boppeslach Kafee.
Om 17.45 oere wurde jo by de studio ûntfongen troch ús gastfrou mei in kopke kofje.
Om 18.00 oere begjinne de tariedings foar de útstjoering.
Om healwei sânen gean we live. De útstjoering duorret oant 19.00 oere.
Nei ôfrin kinne jo noch meidwaan oan in rûnlieding troch it gebou fan de Omrop. Mar as jo daliks nei hûs wolle mei dat ek.
 
Oan de ein fan de jûn is der foar eltsenien in ferrassing.
 
Opjaan? Stjoer dan in mail nei
 
sport@omropfryslan.nl
 
Oant sjen.

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee is in wykliks praatprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje oer sport yn ús provinsje. Tusken de petearen troch binne aardige en humoristyske reportaazjes te sjen. Boppeslach Kafee wurdt om bar presintearre troch Simone Scheffer en Arjen de Boer. It programma begjint om 18.30 en duorret oant 19.00 oere. Boppeslach Kafee: it praatprogramma oer fuotbal en alle oare sporten yn Fryslân.

 
Harkje live Harkje live Sjoch live Sjoch live
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
303112345
6789101112
13141516171819
20212223242526
27282930123
45678910
< foarige | folgjende >
© 2010 Omrop Fryslân
Afûk
Tryater
Open dag Leeuwarden o.i.m.
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Flaeijelfeest