It Nederlânske lanneteam dat hielendal út Friezen bestiet fjochtet dit wykein om de wrâldtitel gersbaanracen. Wy bringe in ferslach. Fierders it NK silen yn de regenboogklasse op de Snitsermar. We sjogge foarút nei it Europeesk kampioenskip fuotbal foar froulju. In reportaazje oer de stroeve seizoensstart fan SC Hearrenfean. En it lêste sportnijs. Presintaasje: Arjen de Boer.
Boppeslach is it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis, sneons en yn it fuotbalseizoen ek freeds wurdt op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen.