Mei in ferslach fan de twadde wedstryd fan Harkemase Boys yn de topklasse, út tsjin Rijnsburgse Boys. It Nederlânsk kampioenskip fierljeppen yn Bûtenpost. De drafbaan yn Wolvegea giet wer iepen en wy binne der by. Afke Hijlkema keatste ferline wike har lêste PC en hâldt ein dit seizoen op. In weromblik op de karriêre fan de grutste keatster by de froulju. En fansels it lêste sportnijs. Presintaasje: Simone Scheffer.
Boppeslach is it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis, sneons en yn it fuotbalseizoen ek freeds wurdt op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen.