|
It ferhaal
Bit is in dramasearje fan Omrop Fryslân Televyzje oer twa hynstefamyljes dy’t net al te goed meiïnoar kinne. Mei oare wurden: it is oarloch. De stoeterij fan ‘e famylje Prins rint poerbêst en de earme Wierda’s hawwe mar wat in suterige hynstestâl. De searje begjint nei it ferstjerren fan ‘e mem fan it earme gesin, krekt op it stuit dat har merje dekt wurdt. Dêr wurdt letter Sil berne, in tophynder. Fan dat stuit ôf barst de striid los. De Prinsen hawwe jild, de Wierda’s talint. Wa wint? De striidt giet tusken de ferskate generaasjes: de heiten Joop Prins en Hidde Wierda, twa letterlik en figuerlik stevige fyftigers. En ek tusken harren bern: Menno Prins en Renske Wierda, twa ambisjeuze jongeren dy’t it tsjin de ein fan 'e rige meiïnoar iens wurde. Tsjin de ferdrukking yn, wurdt der flink frijd yn beide kampen, ûnder mear troch de stâlfeint fan de íen mei it stâlfamke fan ‘e oar. Dat pear rekke ek belutsen by de striid dy’t him taspitst op in dopingskandaal en de oanlis fan in (hynste-)rekreaasjepark.
|