|
Bear Boeloe
Sûnt 1995 hat Omrop Fryslân alle dagen in orizjineel berneprogramma en dat is Bear Boeloe. De measten fan jim kenne him sa stadichoan wol en dat jildt ek foar syn freonen en freondinnen Sipke, Huning-snútsje en noch folle mear. Wat jim oan 'e ein fan it programma faaks net iens ôfwachtsje sille, is de ôftiteling. Dêryn stiet wa't wêrfoar ferantwurdlik is. Wa't it ferhaal betocht hat, en tekene. Wa't de rezjy dien hat, de stimmen ensfh. Want sa'n Bear Boeloe ferhaal freget in bulte minsketiid en wurk foar't it klear is om op TV te ferskinen. Elk ferhaal bestiet út ûngefear 6 oant 7 tekeningen en in ferhaal fan twa, mei de hân skreaune, kantsjes.De tekeningen binne earst mei potlead opset, dernei útwurke mei pen en kleurpotleaden en sûnt dit jier ek mei pastelkryt.Dêr hawwe al mear as fiifhûndert ôfleveringen fan Bear Boeloe op TV west, dat rekkenje mar út hoefolle tekeningen dat meiinoar binne!
|