Radioprogramma oer de lytse omrop Studio F, mei direkteur vd Baan, Eabele, Oebele, Mieke Foon en Appie. Studio F is de namme fan de metoade Frysk op de basisskoalle. Der binne lesboeken, der is in tv-programma en der is in radioprogramma. Alles heart by elkoar. It radioprogramma oer Feest heart by it televyzjeprogramma mei de titel Studio F fleurich op.
Dit programma oer "Feest" giet yn op it presentearjen fan feestelike televyzjeprogramma's en eveneminten. In bekende presentator is Sipke Jan Bousema. Hy fertelt oer it presentearjen fan it Junior Song Festival.
Studio F is de sammelnamme fan in hiel pakket oan nij Frysk materiaal foar de basisskoallen. Studio F bestiet út in lesmetoade, in televyzjeprogramma en in radioprogramma. De tema’s fan de programma’s slute oan by de tema’s fan de lesmetoade. De radioprogramma’ s kinne brûkt wurde by de ôfsluting fan in lessesearje. Studio F is in omrop dêr’t radio- en televyzjeprogramma’s makke wurde. Mieke Fronacker, troch har kollega’s Mieke Foon neamd, is einferantwurdelik foar de radioprogramma’s. Mieke wurdt dêrmei holpen (en soms tsjinwurke) troch Eabele en Oebele, dy’t beide foar de televyzjetak wurkje, Appie, dy’t de soarch hat foar de fasiliteiten yn it gebou en de direkteur fan Studio F, Van der Baan. De rolferdieling: Mieke Foon - Tamara Schoppert Eabele - Arnold Dykstra Oebele - Hilbert Dykstra Appie - Feije Spoelstra Direkteur van der Baan - Joop Wittermans
De ferhalen fertelle fan in rûnreizgjend sirkus, dêr't in tal bisten de saak runne. Se binne twongen in nij bestean op te bouwen no't de boer mei de buorkerij yn 'e nederklits rekke is. Foaral Geit Kekke nimt dêryn it foartou, om't dy de meast handige is. Mar ferjit ek Ein net net, mei syn muzikale kwaliteiten. Of Hynder, dy't wol wat weak is, mar fierder hiel leaf. De oare artysten binne Baarch (nochal skjin, foaral op harsels) en Ezel (altyd dwers, mar sil ek altyd de sitewaasje rêde). Boer reizget mei, wat moast er oars ek. De doelen fan dit programma: * de learlingen kinne har konsintrearje op in sprutsen tekst, sûnder de stipe fan fisuele middels of de mimyk fan de learkrêft * de learlingen kinne ferskillende lûden ûnderskiede * de fantasij fan 'e learlingen wurdt prikkele * de auditive ûntwikkeling fan learlingen wurdt stimulearre. Dizze skoalradioprogramma's binne taspitst op harkfeardigens. Tidens de útstjoering krije de learlingen hark- en oare opdrachten te hearren dy't yn it ferhaal passe. De wurkblêden dêrby binne opnommen yn de hantlieding.
Hoe?Sa! is in rige radioprogramma’s foar de jongste bern fan de basisskoalle. De 5 programma’s wurde útstjoerd yn jannewaris en febrewaris. Elts programma hat in tema dat oanslút by de belibbingswrâld fan bern fan 4 en 5 jier. In útstjoering duorret likernoch 10 minuten en bestiet út in ferske dat mei it tema te krijen hat, in doelbewuste harkopdracht mei lûden en in harkspul. Yn dat harkspul stiet Rein, in jonkje fan 5 jier, sintraal. Fierder komme ek de heit en mem fan Rein, syn lytse suske Eke en buorfamke Yke yn it ferhaal foar. Leardoelen: * De learlingen kinne har konsintrearje op in sprutsen tekst, sûnder de stipe fan fisuele middels of de mmyk fan de learkrêft * De learlingen kinne ferskillende lûden ûnderskiede * De fantasij fan de learlingen wurdt prikkele * De auditive ûntwikkeling fan learlingen wurdt stimulearre * In nij ferske wurdt oanleard
Programma foar de beukers.Middels lietsjes, koarte ferhaaltsjes, lûdbylden en muzyk wurde téma's op in boartelike wize beljochte.De téma's dy't oan bod komme binne:FeestFerklaaieHjerstWenjeSûnensMaitiidKleur & FoarmFerkearWietTaal
Us skoalleradio is der alle tiisdei-temoarnen om 09.00 oere, mar net yn de skoalfakânsjes.De ferskate searjes wurde útstjoerd yn in blok op in tal tiisdeis achterinoar. Fierder binne de programma's beskikber op CD en binne se ek on-line te beharkjen op dizze website.