Op de Iselmar by de Lemmer moat hjoed bliken dwaan wa't de kampioen wurdt fan de grutte A's yn de IFKS dit jier. Klaas Jansma en Sippy Tigchelaar dogge ferlach. Yn Winsum is it Frysk Kampioenskip fierljeppen en yn Damwâld it haadklasse keatsen foar manlju yn frije formaasje. Omrop Fryslân Radio is oeral by! En foar it lêst kinne jo meidwaan oan de skûtsjespool en de Retro Radio Rebus
Fan 24 july ôf begjint de simmer by Omrop Fryslân radio. Fjouwer wike lang - yn it wykein en alle wurkdagen tusken 13.30 en 18.00 oere - noflike programma's op jo radio. Fan snein 24 july ôf folgje we it skûtsjesilen. Earst twa wike SKS en dêrnei noch in wike IFKS. Fierder fansels omtinken foar de oare simmereveneminten en der is ek live muzyk op lokaasje.