Tiisdei 3 augustus om 18:00

Yn PC-Kafee pittige petearen en hilaryske ferhalen mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden, skiedsrjochters en oare belanghawwenden.

Hjoed stiet de PC fan 2000 sintraal. De gasten binne Dirk Jan van der Woud, Klaas Berkepas en Klaas Anne Terpstra.

Live muzyk fan Vangrail
Live muzyk fan Vangrail 

De PC fan 2000

Yn de lêste ôflevering fan PC kafee prate wy oer de PC fan 2000. De dei fan Dirk Jan van der Woud, Klaas Berkepas en Klaas Anne Terpstra. Sy wienen dy dei de sterkste, mar moasten yn de finale wol ôfrekkenje mei Chris Wassenaar. Taktyk wie belangryk en dy wie útstippele troch Van der Woud. Hy is te gast. Lykas kening Klaas Anne Terpstra en ferliezend finalist Chris Wassenaar.

Johan Dijkstra nimt nei 25 jier ôfskied fan de PC. Dat moat hy fanwege syn leeftiid. Dijkstra is 70 jier en dat betsjut automatysk dat hy de PC, statutêr bepaald, ferlitte moat. Dijkstra sjocht werom op syn tiid yn de kommisje.

Alle jierren stean sy wer dagen klear om de PC te helpen mei it ree meitsjen fan it fjild. De frijwilligers fan keatsferiening Jan Bogtstra út Frjentsjer. PC Kafee set dit bysûndere groepke mannen efkes yn it sintsje.

 http://www.pc-franeker.nl/

Der ek by wêze?

It publyk kin der by wêze yn De Bogt fen Guné yn Frjentsjer of it programma folgje op de radio op freed, sneon, snein en tiisdei.

Chris Wassenaar
Chris Wassenaar

Mear ynformaasje

Om út te finen hoe't jo ek op it Sjûkelân wêze kinne, is der mear ynformaasje te finen op de website fan de PC. Hjir fine jo ek oare ynformaasje oer de PC.

 De site fan PC Frentsjer

PC Kafee

It PC Kafee komt der wer oan. Fjouwer dagen lang út de Bogt fen Guinee yn Frjentsjer. Mei keatsers, âld-keatsers, PC-leden, skiedsrjochters en oaren. PC Kafee mei pittige petearen, hilaryske ferhalen en stevige columns. Presintaasje Geert van Tuinen en fansels hawwe wer live muzyk. Wy binne der fan freed 30 july o/m tiisdei 3 augustus, yn it wykein fan 11 oant 12 oere en op wurkdagen tusken 6 en 7 oere jûns.

 
Harkje live Harkje live Sjoch live Sjoch live
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
303112345
6789101112
13141516171819
20212223242526
27282930123
45678910
< foarige | folgjende >
© 2010 Omrop Fryslân
Afûk
Tryater
Open dag Leeuwarden o.i.m.
Lekker bûten ite
Flaeijelfeest