Op & Út hâldt presintator Reint Tolsma hâldt jo hjoed op 'e hichte oer ûnder oaren de Akkrumer Shantydei, de Burgumer Simmerdei en de Supermotoraces op 'e Jouwer. Ferslachjouwer Eduard Rekker is live oanwêzich op de 1e edysje fan 'e 'Paardendagen Weststellingwerf' en op it Oldtimerfestival yn Twizelerheide. En fansels de fêste rubryken.
De 1e edysje fan 'e 'Paardendagen Weststellingwerf' fynt plak by maneezje Caprilli yn Sonnegea. It begjint sneon om 8:30 oere en duorret oant 16:00 oere. Snein kinne jo om 8:30 oere wer te plak. Hichtepunt is de 'Grote prijs van Weststellingwerf'.
Foar de 6e wurdt yn Burgum de (Fryske) Simmerjûn organisearre. It programma begjint om 10:30 oere en duorret oan jûns let. Der binne optredens fan Gurbe Douwstra, Die Twa, Griet Wiersma en Irish Stew. Ek binne musea iepen. Alles is gratis.
Út ferskillende plakken komme 10 Shantykoaren om te sjongen yn Akkrum. It wurdt al foar de 12e kear hâlden. De dielnimmende komme bygelyks fan Skiermuontseach, Harns, Dokkum en It Hearrenfean. De koaren sille fan 13:00 oere âf begjinne te sjongen.
20:15 oere begjint yn 'e Grutte Tsjerke yn Ljouwert in klassyk konsert. Jo hearre barokmusyk út healwei de 18e ieu. It wurdt spile troch it Brusselse barokorkest 'Les Muffatti'.Nei it konsert is der in meet en greet mei de musici.
Snein 5 septimber wurdt de 17e edysje fan Noorderlicht iepene yn it Fries museum yn Ljouwert. Dêr is in foto-tentoanstelling te sjen mei it tema: 'Land, Country Life in the Urban Age'. Tagelyk is der yn 'e Blokhúspoarte de tentoanstelling 'Warzone' te sjen.
Yndustryterrein de Woudfennen Op 'e Jouwer binne sneon en sein it toaniel fan 'e Supermotoraces. Sneon kinne jo fanôf 12 oere te plak en snein fanöf 10 oere.
Iris en Krista Nieuwenhuizen binne fanatyke 'scrapbookers' en sille dit sneon sjen litte yn it tsjerkje fan Wier. Yn 'e útstjoering sille mem en dochter it útlizze oan 'e harkers en de presintator.
Nasjonaal Park Drents-Friese Wold jout fytsers de kâns om reeën te sjen. De toch duorret 2,5 oere en begjint 18:30 oere. Opjaan kin by it besikerssintrum, oant 17 oere, 0516 464 020. Ynskriuwe kosset € 2,= per persoan.
Presintaasje: Rein TolsmaRezjy: Aljosja van der BaanTechnyk: Karel PostGearstalling: Eduard RekkerRubriken: Johan de Jong, Pyt Paulusma, Klaas Piekstra en Eduard Rekker. Ha jo in tip of in fraach foar waarman Pyt Paulusma of túnman Klaas Piekstra? Lit it ús witte. Stjoer in mailtsje nei aginda@omropfryslan.nl
Wat dogge jo sneon en snein? Yn dit programma hearre jo tips foar in aktyf wykein. Wurdt it in strjitfestival, in klassyk konsert of in nijsgjirrige iepen dei? Op & Ut lit jo witte wat der te dwaan is. Mei alle wiken live ferslach fan aktiviteiten, nijs út de natuer en reportaazjes oer film en eksposysjes.