Werom komme fan fakânsje mei tûzenen euro's skea. Dêr hâlde je wol in raar gefoel oan oer. It kaam de famylje Terpstra út Assen oer, twa jier achter elkoar. Itaalje is har favorite fakânsjelân, mei ek omdat ien fan de soannen dêr wennet. Al jierren ride se mei de caravan achter de auto nei de Gardamar. Mar dikke hagelstiennen bedoaren de wille...
Omrop Fryslân Aktueel is it nijsprogramma op de radio. Alle wurkdagen hâlde we jo mei trije nijsútstjoerings tusken 06.00-09.00, 12.00-13.30 en 16.00-18.30 op 'e hichte fan al it wichtige nijs yn Fryslân. Op sneon binne der nijsprogramma's fan 08.30 oant 09.00 oere en fan 12.00 oant 13.00 oere; op snein binne der nijsblokjes op de hele oeren.