Takom wike woansdei fynt de earste lânskipsfeiling fan Fryslân plak. Trije einekoaien geane ûnder de hammer. Jan Piet de Boer fan Landschapsbeheer Friesland leit út hoe, wat en wêrom. Jef de Jager, skriuwer fan it boek De King-familie, de skiednis fan Nederlâns ferneamste pipermuntsje út Snits. Fierder ôflevering fjouwer fan de rige oer manlju en har Porsche.
Takom snein wurdt foar de fjirde kear in alvestêdetocht foar Porsche's organisearre. Mear as 170 Porsches ride dan troch Fryslân. De âldste is fan 1955, de jongste komt krekt út it fabryk. Mear ynformaasje oer de tocht (en foto's fan alle dielnimmende auto's) fine je op: http://www.911stedentocht.nl Porsche ride is in passy, in hobby foar echte leafhawwers. Yn Omnium sjogge we dizze wike by fiif fan harren yn de garaazje. Hjoed dogge we dat by Reinder Bil fan Frjentsjer.
Omnium is in programma mei achtergrûnen by it nijs. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komme ferskate ûnderwerpen oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk mar ek oer sûnenssoarch.