Hjoed opnamen fan de Iepen Fryske Fanfare Kampioenskippen (OFFK) fan 9 en 10 april yn Drachten. Dat binne de winnende fanfare-orkesten EMM Aldegea (W), Oranje Gruttegast, Concordia Wjelsryp, De Lofstem Sumar en Concordia Drachten.
Eendracht Maakt Macht ûnder lieding fan Piet Groeneveld spilet:
Sjoch wêr't ynkoarten ús mikrofoans stean. Klik op 'Opnamen Muzyk Maskelyn' hjirnjonken by 'Utstjoering Mist' kinne jo yn'e wike nochris harkje nei dit programma fan ôfrûne snein.
Muzyk Maskelyn is it programma foar de amateur-muzikant yn Fryslân. Opnamen fan koaren en korpsen komme op it aljemint, al of net 'live'. Inkele konserten wurde folslein opnommen, mar ek stean ús mikrofoans geregeldwei op konkoersen en festivals. Kampioenskippen sa as de NBK wurde ek folge en útslaggen komme yn dit programma. Koartkriemd, in rêstpuntsje yn 'e wike mei moaie muzyk, makke troch de Fryske amateurmuzikant.