Op earste krystdei lit Omrop Fryslân twa oeren lang eigen opnamen hearre fan de sjongfestivals Liet en Liet Ynternasjonaal. Yn it earste oere litte we live-opnamen hearre fan de lêste edysje fan Liet Ynternasjonaal mei dielnimmers út hiel Europa; fan Laplân oant Sardinië en fan Ierlân oant Karelië yn Ruslân. Yn it twadde oere dûke we yn it rike argyf fan it Fryske sjongfestival Liet, dat weromgiet oant 1991.
Sovvalniks - Pats seviisz dzeivs Zine - Le Prince Charmant Alfredo Gonzalez - La nada y tu Fofftig Penns - Platt Sunrise non Secular - Lasair T-an Oichde Sattuma - Marjaini Darjaini Langstme en de Dea - Wikel Fiach - Sea Taim Lino Straulino - Doman Dr. Drer crc Posse - Apu Biu SomBy - ii idit vel Pomada - En pere galleri Doarmers - Wy wurde wurde wei Piter Wilkens - De heftrúksjauffeur Ed Dee - In lytske fannacht Bauke van der Woude - Beklonken leafde Swiet & Bjuster - Ritme fan dyn hert Rebound Boogie Bent - Foor de wyn Rekkendei - Boartersguod Helder - Steapelgek op dy Ruurd Feitsma - Linzen Jehannes Reitsma - Peasens-Moddergat Trienke - Lieveling Gien Gok - 't Gaot allemaol te veer AnneRuurd Oosterwoud - Keal
Tsien finalisten út alle hoeken fan Fryslân striden op sneon 23 maaie yn De Harmonie om de haadpriis: it winnen fan Liet 2009 en it meidwaan oan Liet Ynternasjonaal op sneon 31 oktober. De finale waard wûn troch de band It langstme en de dea.Ek de registraasje fan Liet Ynternasjonaal, it sjongfestival foar minderheidstalen yn Europa, dat op 31 oktober dit jier yn De Harmonie yn Ljouwert hâlden is.