Dizze wike âlde radio opnames fan Chet Baker dy foar it earst útbrocht binne op in dûbbel cd. Fierders nije muzyk fan Ruben Hein en âlde muzyk fan Charlie Parker
Ruben Hein - Elephants Joe Cohn - High on you Charlie Parker - Parkers mood Ad Colen - Tricky customer Dave Holland Sextet - The sum of all parts Chet Baker - This is always Mona Lisa Overdrive - Spritz Ray Anderson Alligatory Band - Airwaves
Sjoch ek op www.hanswijnbergen.nl
Jazzkafee hat eigen live-opnames makke fan bands as New Cool Collective, Bennie Wallace, Jubilee Allstars, en hjir út Fryslân it Blinxma/Bouwsma-kwartet, projekten mei Jan Kuiper en Big Band Friesland.
De Amsterdamske Fries Hans Wijnbergen draait muzyk út Fryslân en de wrâld mei as útgongspunt jazz. Hans rjochtet him op bands dy't yn Fryslân optrede, mar ek op wat der ynternasjonaal bart. Hans Wijnbergen is sels saksofonist en hat rjochtstreeks ferbining mei in soad jazzmuzikanten oer de hiele wrâld. Dêrtroch hat Jazzkafee Wijnbergen geregeld primeurs en bysûndere opnames lykas eigen live- registraasjes.