Snein wer fersykplaten. Doch ek jo fersyk, en freegje in plaatsje oan foar jo pake of beppe, neefke of nichtsje, of jo buorfrou. Dizze wike mei muzyk fan ûnder oare Griet Wiersma, Reboelje en Rients Gratema.
Ferbean - Lik op stik Specials Spelers SC Heerenveen - Us Heerenveen Justin Bieber - Baby Piter Wilkens & F.F.O. - Knoopkes Griet Wiersma - De Fryske mar Reboelje - Marije Maria Beach Boys - Sloop John B Roel Slofstra & Joop V. - Hoe't de seehûn op'e wrâld kaam Bergumer Mannenkoor - Wâldsang Gurbe Douwstra - Lit jim gean, Friezen Willy Alberti & Ans - Droomland Anneke Douma - Simmermoarn Rients Gratema - Ballade fan de Bokking Folsgearster Folk & Freonen - It swart siden hier
Wolle jo ek ris in plaatsje oanfreegje, dan kin dat. Dat kin mei de post nei: Omrop Fryslân FersykplatenPostbus 76008903 JP LjouwertOer de mail, sjoch hjir ûnder, kinne jo ek jo fersykje kwyt
Sneintemiddeis fan 13.00 oant 14.00 oere in oerke muzyk foar jong en âld en foar alle smaken, want alles kin. Jo kinne platen oanfreegje foar jubilea, foar jierdeis, foar siken, mar ek foar dy aardige buorjonge, dy't altyd jo kontener bûten set. Dat betsjut dat klassike muzyk, Ritske Numan, Jantje Koopmans en in stik house nei elkoar komme kinne. Foar guon minsken in skande, foar oaren is it krekt de sjarme fan it programma.