- Films sjen is net altyd leuk, fynt Anneke van Renssen - Jezus wie Caesar, tinkt Jan van Friesland - Sjouke Lousma ûnderweis - En...Anna Maria van Schurman út Frentsjer, wa wie dizze romrofte frou út de Goude Ieu?
Woansdei set yn Ljouwert it Noardlik Filmvestival útein. Foar de 29ste kear alwer. Foar Anneke van Renssen wurdt it de 16e kear. As artistyk liedster is sy ferantwurdlik foar alles wat we op it festival sjen kinne. Sa krekt foar de iepening hat se it hartstikke drok. Buro de Vries fûn dat se der even út moast. Anneke woe dat wol en naam ús mei nei de ôfslútdyk.
Jezus Christus hat net bestien; eins wie hy Julius Caesar. It is de theory fan Francesco Carotta, in Italiaansk taalkundige. Hy hat ûntdutsen dat der safolle oerienkomsten wiene yn de libbens fan Jezus en Caesar, dat hy tinkt dat it eins ien en deselde persoan wiene.Jan van Friesland, eartiids einredakteur fan it programma "Buitenhof" hat in dokumintêre makke oer de teory fan Carotta "Het evangelie van Caesar". Fjouwer jier hat er der mei dwaande west. Wat besielde him? Yn Buro de Vries in petear mei Van Friesland.Boppedat binne wy te gast op it Piter Jelles Gymnasium. Learlingen út klas 6a krije les oer Carotta, fan klassikus Gerard Janssen.
Moandei is it op de kop ôf 400 jier lyn dat ien fan de grutste froulju fan de Gouden ieu bern waard: Anna Maria van Schuurman. Se wie rûnom yn Europa ferneamd om har geleardheid en har keunstsinnichheid. Van Schurman skreau traktaten oer theology, se makke gedichten yn it Latyn en se draaide har hân net om foar in konversaasje yn it Fransk, it Hebreeuwsk of sels it Ethiopysk. Mar har grutste wapenfeit is wol dat se as allerearste frou studearje koe oan in Nederlânske universiteit. Minsken kamen fan fier om dit wûnder der natuur te sjen. Mar yn 1669 slúte se har oan bij de radikaal-protestanse sekte fan Jean de Labadie. Se luts har werom út it iepenbiere libben en ferstoar úteinlik yn 1678 yn Wiuwert.Buro de Vries prate mei trije minsken oer dizze opmerkelijke frou. Allerearst mei skriuwster Dieuwke Winsemius. Sy skreau yn 1977 de histoaryske roman 'het grote geheim van Anna Maria van Schuurman'. Psycho-analitika Inger fan Lamoen leit Anna Maria postuum op de sofa. En Jaap Scheffer is as argeolooch fral ynteressearre yn de tiid dat Van Schuurman mei de sekte der labadisten op Walta State bij Wiuwert wenne.
Reaksjes op in ûnderwerp of útstjoering? Graach! Mail se nei BuroDeVries@omropfryslan.nl.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten, ferrassende gesprekken: Buro de Vries giet de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis, en mei Sjouke Lousma ûnderweis, besoarget Buro de Vries jo in noflike sneintemoarn. Harkje nei Buro de Vries, alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.