Apen en Bearen, kreatyf oerlibje yn de natoer. Simmerskoalle les fan psycholooch Douwe Draaisma. De les giet oer kryptomnesy: dingen dy't earne ferburgen lizze yn je ûnthâld. Sjouke Lousma is ûnderweis yn Skraard. En de groetnis út Reeuwijk fan boargemaster Jan Elzinga
Trije dagen kampeare yn de frije natoer - sûnder iten mei te nimmen fan hûs - falt net ta. Oerlibje fan wat de natoer ús biedt, is it doel fan twa Buro-ferslachjouwers. Mar nei ien dei tusken de tiken en de miggen ferlitte we al rap it Fryske Gea.Mei de kano peddelje we nei in nije bestimming, dêr't it oerlibjen krekt wat makliker is. Survival-light, sis mar. Hjoed diel 8 fan "Apen & Bearen, it Buro yn it wyld."
It Buro krûpt yn de kolleezjebanken dizze simmer. Alle wike krije we in masterclass fan Friezen dy't harren kennis mei in soad entûsjasme mei ús diele. Hjoed fertelt psycholooch Douwe Draaisma oer 'cryptomnesie', oftewol ferburgen geheugen.
Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed yn Skraard.
It Buro giet der dizze simmer op út. We geane op besite by Friezen om utens dy't har earne yn Nederlân 'earste boarger' neame meie. Hjoed boargemaster Jan Elzinga fan Reeuwijk.
Simmerskoalle mei: 5 septimber: Rineke Smilde - "Muzyk en demintens"12 septimber: Goffe Jensma – “Fryslân, Grinslân en Drinte ien?”Groeten út:5 septimber: Dordrecht, boargemaster Arno Brok en fansels alle kearen in ôflevering fan 'Apen en bearen' en 'Sjouke Lousma ûnderweis'.
Atyd al kolleezje folgje wollen fan Fryske kopstikken? in prikkeljende vyzje op TBS fan Wim Anker, de essinsje fan humor fan Jan Jaap van der Wal, leafdeslessen fan Carolien Roodvoets, jo kinne al dy nijsgjirrige lêzings nochris beharkje op de Simmerskoalle cd fan Buro de Vries. Nei de simmer te keap, no al te bestellen op sjop.omropfryslan.nl
Reaksjes op in ûnderwerp of útstjoering? Graach! Mail se nei BuroDeVries@omropfryslan.nl.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten, ferrassende gesprekken: Buro de Vries giet de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis, en mei Sjouke Lousma ûnderweis, besoarget Buro de Vries jo in noflike sneintemoarn. Harkje nei Buro de Vries, alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.