No op 'e radio:  
No op 'e televyzje:  
Web: Wurkje by de omrop_Toan
It senuwsintrum fan it radio- en televyzjenijs
It senuwsintrum fan it radio- en televyzjenijs

Wurkje by de omrop

Wy hawwe op it stuit gjin fakatueres.
 
 
 
 

Andries Bakker, ferslachjouwer radio
Andries Bakker, ferslachjouwer radio
Redaksje nije media: Onno Falkena
Redaksje nije media: Onno Falkena
Yn 'e studio...
Yn 'e studio...

Wurkje by Omrop Fryslân

By Omrop Fryslân wurkje likernôch 135 minsken yn fêste tsjinst. Regelmjittich wurdt in berop dien op freelancers. Omrop Fryslân wol him profilearje as in regionale profesjonele stjoerder, de measte meiwurkers wurkje op HBU-nivo. Omrop Fryslân is in organisaasje dy't de lêste jierren flink groeid is. Dat blykt allinnich al út it feit dat yn 1997, 63 minsken yn fêste tsjinst by Omrop Fryslân wurken, wylst dat der no likernôch 135 binne.

Nei de ferhuzing nei de Suderkrúswei yn 1999 is in soad oandacht bestege oan de yntegraasje fan radio, televyzje en nije media, in nije organisaasjestruktuer en in oare bedriuwskultuer. Troch gebrûk te meitsjen fan elkoars kennis wol de omrop hieltyd better wurde. Wy stelle hege easken oan oplieding en ûnderfining fan sollisitanten. Foar sjoernalistike funksjes freegje wy in oplieding op HBU-nivo. De foarkar giet út nei in sjoernalistike of kommunikative oplieding. As fansels hearre de sollisitanten de Fryske taal goed prate en skriuwe te kinnen.

Foar alle oare funksjes jouwe wy de foarkar oan minsken mei in fakoplieding om sa ús profesjonaliteit heech te hâlden. Frysk skriuwe en prate is by dy funksjes dan wol fan belang, mar krekt wat minder. Frysk ferstean wurdt fanselssprekkend fûn. De Omrop ynvestearret yn opliedings om de profesjonaliteit fan de eigen minsken fierder te ûntwikkeljen. De meiwurkers wurde allegearre beleanne op grûn fan de Omrop-CAO. Wy hantearje 36-oerige wurkwiken en ús sekundêre arbeidsomstannichheden binne goed. Wa't mear witte wol oer de organisaasje fan Omrop Fryslân kin kontakt opnimme mei de ôfdieling P&O: tillefoannûmer 058-2997830.

Bauke Deelstra rint staazje op de nijsredaksje
Bauke Deelstra rint staazje op de nijsredaksje

Staazje by Omrop Fryslân

Bist do nijsgjirrich? Hast altyd al by in mediabedriuw wurkje wollen? Stiest midden yn de Fryske mienskip?

Sietska Poelsma rint staazje by televyzje
Sietska Poelsma rint staazje by televyzje

Skilje ús

Dan ha wy miskien wol it staazjeplak foar dy! Op ferskate ôfdielingen ha wy staazjeplakken beskikber foar MBU- en HBU-studinten. Wolst witte oft wy foar dy ek in geskikt staazjeplak ha, skilje dan mei Fokelina de Boer, telefoannûmer 058-2997830, of mail nei P&O@omropfryslan.nl

Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Advertinsjes

Chevroletstunt
 
© 2010 Omrop Fryslân
Friesland Post
Meubel Outlet Dokkum
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Bestel hjir de DVD