No op 'e radio:  
No op 'e televyzje:  
Web: Us jingles en tunes_Toan
Joel Groenewold yn de studio yn Haarlem
Joel Groenewold yn de studio yn Haarlem

Us jingles en tunes

It binne de hieltyd wer werom kommende muzikale ûnderdielen fan Omrop Fryslân Radio: de jingles en tunes. Bygelyks op it hiele oere, om it NOS sjoernaal hinne, mar ek fierderop yn de programma’s. De jingles en tunes jouwe Omrop Fryslân in eigen, werkenbere sfear. Troch de jingles witte jo fuortendalik mei hokker stjoerder jo te krijen hawwe. It hjoeddeistige pakket oan jingles en tunes fan Omrop Fryslân is op 1 jannewaris 2007 yn gebrûk nommen en wurdt út en troch oanfold en fernijd.

It koar efter de Omrop Fryslân jingles
It koar efter de Omrop Fryslân jingles

Stasjonsiepener

Ien fan de meast werkenbere jingles fan Omrop Fryslân is de saneamde stasjonsiepener. Dit is de jingle dy’t komt nei it NOS sjoernaal en de reklame. Yn ferskate farianten komt dizze jingle dus alle oeren foarby. De iene kear foar Muzyk yn bedriuw, de oare kear foar Omnium, of wer in oare kear foar Omrop Fryslân Aktueel. In oare jingle dy’t ek hiel faak foarby komt, is de koarte oankundiging foar it NOS sjoernaal. Tusken-troch binne ek gauris jingles te hearren, lykas foar it waar.

 Stasjonsiepener
Gitarist Bert Meulendijk yn de studio yn Haarlem
Gitarist Bert Meulendijk yn de studio yn Haarlem

Logo

Yn (sa goed as) alle jingles en tunes fan Omrop Fryslân komt it saneamde logo foarby. Dit binne de fjouwer noaten dêr’t it koarke ‘Om-rop Frys-lân’ op sjongt. Mar it logo wurdt net allinnich songen. It wurdt yn de jingles ek spile op gitaar, saksofoan en fluit. Troch de ferskillende toansettingen en tempo’s klinkt it logo hieltyd wer oars.

 Logo: fjouwer noaten songen troch it koar
De 'Jay Horns' yn aksje foar de blaaspartijen
De 'Jay Horns' yn aksje foar de blaaspartijen

Komponisten

De measte jingles fan Omrop Fryslân dy't op't heden te hearren binne op de radio binne makke by it bedriuw Top Format yn Haarlem. Dit bedriuw hâldt him alle dagen dwaande mei foarmjouwing foar radio en televyzje. Ek Nederlanske stasjons lykas Sky Radio, Radio 2, 3 FM, BNR, Radio 10 Gold en Veronica dogge saken mei dit bedriuw. Fierder is in grut tal Belgyske, Dutske en Franske radiostjoerders klant by Top Format. Der wurdt dus songen yn alle talen, sels yn it Sineesk en Finsk. Sûnt 1 jannewaris 2007 is dêr it Frysk bykommen. De jingles en tunes binne troch in pear komponisten fan Top Format betocht. Yn earste ynstânsje ha sy de muzyk op de kompjûter makke. Letter binne alle ynstruminten ‘live’ yn de studio yn Haarlem opnommen. Allinnich in pear oanfollende eleminten binne noch oerbleaun fan de earste komposysjefaze op de kompjûter. Ta beslút is ek koar opnommen, besteande út twa manlju en twa froulju. In oantal oare eleminten fan de foarmjouwing op de radio is makke troch komponisten yn eigen hûs, by Omrop Fryslân sels. Bygelyks in soad fan de tunes dy't simmerdeis te hearren binne, binne makke troch Martijn Engbrenghof.

Rein Tolsma
Rein Tolsma

Stim

Yn in grut oantal jingles en tunes sit ek in tekst, bygelyks de namme fan it programma, de frekwinsje of de namme fan de presintator. Dat is it wurk fan Rein Tolsma. Syn stim is dêrmei ien fan de werkenbere ûnderdielen fan Omrop Fryslân Radio.

 Logo foar it NOS Journaal

Foarbyld 1

In foarbyld fan in jingle fan Omrop Fryslân Radio.

 Foarbyld 1

Foarbyld 2

In oare jingle dy't gauris foarby komt op de radio.

 Foarbyld 2

Skiednis

Krekt sa’t minsken thús út en troch nije meubels keapje of nij behang kieze, feroaret de radio út en troch de foarmjouwing. Oer it generaal bart soks ien kear yn de fiif of seis jier. Soms is der in oanlieding om it earder te dwaan, bygelyks as der ynhâldlik grutte feroarings foarkomme, of as de namme fan de stjoerder feroaret, lykas doe’t Radio Fryslân feroare yn Omrop Fryslân. Foar de harkers bliuwe ek de âlde jingles en tunes lykwols altyd werkenber. Hear mar ris nei ús tunes út de jierren 70, 80, en by de oergong nei de nije ieu. In soad fan de jingles en tunes dy’t de lêste 30 jier by Radio- en Omrop Fryslân brûkt waarden, binne makke en komponearre troch Cees Bijlstra, dy’t sels jierrenlang by Omrop Fryslân wurke hat. Ek de jingles en tunes dy’t oant 1 jannewars 2007 te hearren wiene, wiene fan syn hân, bygelyks de begjintune fan it programma Omrop Fryslân Aktueel.

 Radio Fryslân 1976

Radio Fryslân 1982

 Radio Fryslân 1982 (In hiele bekinde!)

Omrop Fryslân 1990

 Omrop Fryslân 1990

Omrop Fryslân 1999

 Omrop Fryslân 1999

Omrop Fryslân Aktueel 2002

 Omrop Fryslân Aktueel
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Advertinsjes

Chevroletstunt
 
© 2010 Omrop Fryslân
Friesland Post
Groots met een zachte G
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Fryslân 4 War Child
Bestel hjir de debút CD fan Die Twa