De dûbele kop

Sûnt 1 septimber 2007 binne de programma’s fan de regionale omroppen allinne noch fia de nije skûtel ASTRA 23,5 te ûntfangen. Dus minsken dy’t noch de âlde skûtel ha (de ASTRA 19,2), kinne stjoerders as bygelyks Omrop Fryslân net mear ûntfange. De oplossing is dan de ASTRA 23,5 keapje, óf de 19,2 yn kombinaasje mei in saneamde 'ûntfangstkop' of 'dûbele kop': de DUO LNB. Dy dûbele kop is ûnder oaren te heljen by Arob Antennebouw yn Sigerswâld. Sjoch ûnder it kopke 'Dealers yn Fryslân' foar alle dealers yn ús provinsje dy't ek meidogge oan de spesjale aksje.

© 2010 Omrop Fryslân
Afûk
Tryater
Open dag Leeuwarden o.i.m.
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Flaeijelfeest