kategoariën nijs
|
Oer dizze webside
Aktueel wêze mei nijs, programma-ynformaasje, radio en televyzje. Dat binne de útgongspunten fan Omrop Fryslân op ynternet. Op 'e webside nimt it nijs in sintraal plak yn. It nijs wurdt safolle mooglik oanklaaid mei bylden, links, radio- en televyzjereportaazjes. It nijs wurdt boppedat oanbean yn njoggen kategoryen, lykas plysjenijs, soarch en sport. Wa't allinnich sportnijs lêze wol klikt op it griene blokje en krijt allinnich sportnijs. Der binne ek dossiers fan saken dy't faak yn it nijs weromkomme. Fierders kinne je ek sykje op stekwurden (tags). Alle ynformaasje oer radio- en televyzjeprogramma's wurdt oanbean yn kombinaasje mei ús online-kalinder. Dêrmei kinne jo foarút blêdzje nei it televyzje-oanbod fan moarn of oaremoarn, mar jo kinne ek nochris opsykje watfoar keunstners ferline wike yn K-rûte sieten. Us radio sa't dy op dat momint te hearren is (streaming radio) en ús radio en televyzje on-demand wurkje allinnich mei de Windows Media Player. Berjochten foar de aginda binne en bliuwe tige wolkom op ús emailadres aginda@omropfryslan.nl.
|