No op 'e radio:  
No op 'e televyzje:  
Web: Oer de omrop_Toan

Oer de Omrop

Omrop Fryslân is de regionale stjoerder fan Fryslân. Omrop Fryslân makket radio en televyzje yn it Frysk, dêrmei is de omrop de iennige stjoerder fan Nederlân dy't net yn it Nederlânsk útstjoert.

Identiteitsdoel

Omrop Fryslân is in bedriuw dat mei Fryslân en de Friezen ferbûn wêze wol. In betroubere wurkjouwer dy't nei in iepen en heldere kommunikaasje mei en tusken syn meiwurkers stribbet, op basis fan respekt foar inoar, in organisaasje dy't ynnovatyf is en de meiwurkers stimulearret ta 'éducation permanente'. Omrop Fryslân hat de ambysje om it liedende ynformaasjesintrum fan Fryslân te wêzen. De namme Omrop Fryslân hâldt yn: regionaal, werkenber, aktueel, ûnôfhinklik, ûnderhâldend, grut ferskaat en Frysk.

 Besjoch ús presintaasjefideo

Kalamiteitestjoerder

Omrop Fryslân is de saneamde kalamiteitestjoerder foar Fryslân. Yn gefal fan slimme kalamiteiten fungearret de stjoerder as offisjeel kanaal om it folk te ynformearjen. Omrop Fryslân is mei it each op de alarmmeldings oansletten by it saneamde Nationale Noodnet (NN). Dat ekstra befeilige telefoannet wurket neist alle gewoane kommunikaasjelinen. Om ek draaie te kinnen as de stroom útfalt, beskikt Omrop Fryslân oer in needaggregaat.

De âlde studio fan Omrop Fryslân
De âlde studio fan Omrop Fryslân
Bus yn 'e sleat yn de winter fan '79
Bus yn 'e sleat yn de winter fan '79
Neist radio no ek televyzje
Neist radio no ek televyzje

Skiednis

1946: De Regionale Omroep Noord (RON) fersoarget Nederlânske útstjoeringen foar Fryslân, Grinslân en Drinte. Jierren ’50: De Ron wurdt de RONO en makket diel út fan de NOS. Fan de Prinsetún yn Ljouwert wei wurdt in Frysktalich programma útstjoerd.
 
1978: De RONO wurdt opsplitst yn 3 regionale omroppen: Noord, Oost en Fryslân.
1979: Sniewinter. Radio Fryslân is hiele dagen yn de loft mei it lêste nijs oer de snie. Dit leveret úteinlik mear stjoertiid op.
1988: Radio Fryslân set útein as folslein selsstannige omrop. De namme feroaret yn Omrop Fryslân, want neist radio wurdt ek televyzje makke.
1994: Omrop Fryslân set útein mei regionale televyzje. Fia de eter en de kabel wurdt alle dagen fan 17.50 oere ôf oardel oere lang Fryske televyzje útstjoerd, dy't yn karrûselfoarm herhelle wurdt.
1999: Alle ôfdielingen fan de Omrop komme ûnder ien dak te wurkjen oan de Suderkrúswei, op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert.
2010: Hjoeddedei: De Omrop docht folop mei oan alle fernijjingen op it mêd fan nije media en digitalisearring. Sa is de omrop warber op platfoarms as YouTube, Twitter en hat Omrop Fryslân ek in eigen applikaasje foar de iPhone.

 Besjoch de presintaasjefideo fan de omrop
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Advertinsjes

Chevroletstunt
 
© 2010 Omrop Fryslân
Friesland Post
Groots met een zachte G
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Fryslân 4 War Child
Bestel hjir de debút CD fan Die Twa