It Frysk

Omrop Fryslân makket radio en televyzje yn it Frysk en is dêrmei de iennichste omrop fan Nederlân dy't net yn it Nederlânsk útstjoert. It Frysk makket de omrop werkenber, wat hjoed de dei in grut foardiel is.

De taalnoarm by Omrop Fryslân is 'geef, mar linich' Frysk. Minsken yn it nijs en gasten yn ús programma's prate de taal fan har foarkar; meastentiids is dat Frysk of Nederlânsk, mar ek Bilts, stedsfrysk en Stellingwarfs binne geregeld te hearren. De meiwurkers fan de omrop stelle har fragen yn 'e regel yn it Frysk. Troch as regel it Frysk te brûken levert de Omrop in bydrage oan it fuortbestean fan de Fryske taal.

Mear ynformaasje oer it Frysk

Sjoch op de sides fan de Fryske Akademy en de Afûk foar mear ynformaasje. Komme jo in wurd tsjin dat jo net kenne? Der is ek al in on-line wurdboek. Ek de Fryske staveringshifker is on-line beskikber by de Fryske Akademy.

Der is alle wurkdagen radionijs yn it Noardfrysk
Der is alle wurkdagen radionijs yn it Noardfrysk

Frasch en Friisk yn Dútslân

Net allinnich yn ús Fryslân wurdt Frysk praat. Yn Noard-Fryslân, yn it noarden fan Dútslân, én yn de gemeente Seelterlân by Oldenburg prate meiinoar sa'n 12.000 minsken farianten fan ús Frysk. Se neame har eigen taal Frasch, Friisk (yn Noard-fryslân), Oomrang (op it eilân Amrum) of Seeltersk (yn Seelterlân). In goeie 30.000 minsken yn Noard-Fryslân kinne Noardfrysk ferstean. Eigen radio- en televyzje hawwe de Noardfriezen net, dêrfoar binne se nei alle gedachten in te lytse groep, mar der wurdt wol alle wurkdagen radionijs yn it Noardfrysk produsearre troch de Friisk Foriining.

 Nijs foon diling, radionijs yn it Noardfrysk
Croeso (Wolkom) by S4C foar tv-programma's yn it Welsh
Croeso (Wolkom) by S4C foar tv-programma's yn it Welsh

Oare minderheidstalen

Yn Europa binne der folle mear radio- en televyzjestasjons yn minderheidstalen. Bekende foarbylden binne Euskal Telebista yn Baskelân en Channel 4 (Sianel Pedwar Cymru) yn Wales. Omrop Fryslân hat mei opsetsin keazen foar in Frysktalige side. De radio en televyzje binne ek yn it Frysk en de wurdearring dêrfoar is sa grut dat de omrop der grutsk op is. Omrop Fryslân is boppedat ridlik unyk op it net – en dat wol wat sizze – mei in folslein Frysktalige, profesjonele side. Ynternet past ek prima by de faasje dêr't Omrop Frysklân him yn ûntwikkelet.

De side fan Omrop Fryslân biedt dêrom in soad ferskaat mei as basis it Fryske nijs. En fansels safolle mooglik ynformaasje oer de omrop en de minsken dy’t hjir wurkje. Wy biede oan Friezen yn Fryslân en Friezen om utens romte foar kontakten; en romte om ynteraktyf mei te wurkjen oan programma’s op radio, televyzje en ynternet.

© 2010 Omrop Fryslân
Afûk
Tryater
Open dag Leeuwarden o.i.m.
Piter Wilkens - De Fleanende Hollander - hjiir te keap!
Flaeijelfeest