No op 'e radio:  
No op 'e televyzje:  
Web: iPhone_Link
Hylke Speerstra
Hylke Speerstra

Kulturele jûn 7 oktober

Kulturele jûn op woansdei 7 oktober yn restaurant Jupiter, mei Hylke Speerstra en it kombo fan Bauke van der Woude.
 
Ferteller Hylke Speerstra en it muzikale trio fan Bauke van der Woude foarmje mei-elkoar in ferrassende kombinaasje. Harren literêre jûn sit fol nije lieten en ferhalen. De ferhalen en lieten wikselje elkoar net allinne ôf mar fersterkje elkoar.

Hylke Speerstra

Fryslâns bestsellersauteur fan ûnder oaren it Wrede Paradys en De kâlde erfenis, kin as ferteller in hiele seal yn 'e besnijing krije. ‘It wrede paradys’ út 1999 is ien fan syn bekendste en ek bêst ferkochte boeken. It wurdt troch Fryske emigranten - haadrolspilers yn it boek - op alle kontininten lêzen.
Speerstra soarget dizze jûn foar de poëtyske sfear troch tusken de lieten fan it kombo fan Bauke van der Woude troch, fragminten út û.o. syn boek De Oerpolder te fertellen. In tal sangnûmers slút sfearfol oan by de libbensferhalen en anekdoates út De Oerpolder en oare bestsellers. Ek sil Speerstra ferhalen foar it fuotljocht bringe út ‘De kâlde krústocht’. Dit boek ferskynde yn jannewaris 2009 ta gelegenheid fan it ieufeest fan de feriening De Friesche Elfsteden.

Bauke van der Woude & Campbell Forbes & John Eskes
Bauke van der Woude & Campbell Forbes & John Eskes

Bauke van der Woude en oaren

Bauke van der Woude & Campbell Forbes & John Eskes ‘Swart-Wyt’  
Dit trio bringt in spannend program mei selsmakke lieten yn de Fryske taal en it Stedsfrysk. Faak fleurich of ûndogensk, mar soms ek fol protest mei lieten dy’t de djipte yn geane.
Bauke: frysk…wyt….oarspronklik fan Dokkum, spilet gitaar en sjongt. Campbell: begelieder op de bas, ek Frysk…swart…. oarspronklik fan de Bahamas. John Eskes: gitarist, akkordeonist, arrangeur en orkestlieder (by û o. Paul van Vliet) oarspronklik fan Wolvegea... makket it trio kompleet.

Opjaan

Trije muzykfreonen dy’t harren repertoire mei oertsjûging bringe en dy’t it altyd spannend witte te hâlden. Nije winterballaden en guon lieten út Van der Woude syn program Swart-Wyt foarmje dizze jûn in ienheid mei de ferhalen fan Hylke Speerstra.

In jûn om net te fersitten!

Foar opjaan en ynformaasje: sjoch de bon op de lêste side fan Each en Ear. Maile kin ek: freonen@omropfryslan.nl

Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Advertinsjes

Chevroletstunt
 
© 2010 Omrop Fryslân
Friesland Post
Meubel Outlet Dokkum
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Bestel hjir de DVD