Yn'e rige foar it sop en de broadsjes
|
Jiergearkomste 2010
Sa'n 110 freonen kamen nei de ledegearkomste.
Om seis oere wie der foar allegearre in kop sop mei lekkere broadsjes en in kroket. Nei in kopke kofje of tee iepene foarsitter Douwe Hoekstra om 19.30 oere de gearkomste.
Foar it skoft hat de nije direkteur Jan Wiebe Koster him foarsteld. Dernei wie der noch wat te drinken.
Nei it skoft hat Sippy Tichelaar ferteld oer it wurkjen by de Omrop. Om 21.30 oere hat de foarsitter de gearkomste sluten. Al mei al wie it in gesellige jûn.
|