It waaide flinke, mar in pear freonen sochten goed oanklaaid it dek op
Binnendoar wie it noflik sitten
Zoutkamp
Esonstad
|
Mei de Freonen nei Esonstad 13-05
De frijwillichsters fan de FFOF ha de freonen sa stadichoan al meinaam nei ferskate ferskate hoeken en hernen fan Fryslân. Diz’ kear wie Noard-East Fryslân oan bar. De Tom Tom ken it plak Esonstad net, mar gelokkich hiene Anneke en Ans it krekt adres der ek by setten: Oostmahorn 29. Us Tom Tom praat al Frysk*, mar it is noch net safier dat der Eanjum yntypt wurde kin ynstee fan Anjum. Dat soe noch ris moatte... Sa kamen wy dan krekt teplak op it grutte parkearterrein. De slachboom stie al iepen, o sa gastfrij! Mar dêr letter mear oer… De ûntfangst wie tusken 13.15 en 13.30 oere. Mar de freonen binne de freonen net as se net o sa moai op ‘e tiid binne. Dat hie diz’ kear miskien mar better net kinnen. It wie o sok moai waar – droech en sinnich – mar op ‘e wyn wol fris. En de boat kaam mar krekt efkes foar healwei twaen oanfarren. Dat sadwaande ha guon ha nochal efkes stien te wachtsjen. De measten fan de goed 140 dielnimmers joegen harren noflik binnendoar del, mar in pear sochten goed oanklaaid it dek op. De ‘matroazen’ himmelden hastich de wite plestik kúpstuoltsjes noch efkes mei in teedoek!
It skip sette ôf, de kant fan Zoutkamp út. Ans rôp út nammen fan ‘e organisaasje elk it wolkom ta. Foar elk wie der kofje of tee mei oranjekoeke. Underweis fertelde de skipper of ien fan syn kompanen wat oer de omkriten dêr’t we yn ferkearden. Op it dek waard it hieltyd geselliger, want hieltyd mear minsken kamen nei boppen, om’t it ûnder hieltyd benauder waard. Goed trije oere waard de Reitdiepbrug yn Zoutkamp passearre. De boat die bûtendyks in rûntsje yn ‘e haven en doe moast de brêge wer iepen, want we giene deselde rûte del, wer op Esonstad oan. De organisaasje joech in stokje wei en ûnderweis wie der noch in attraksje. In frommes stie nochal opsichtich topless oan it wetter. Hiene Anneke en Ans foar dy ferdivedaasje soarge? Wy wisten it net, mar elk wie fuortendaliks wer by sûp en stút. Sa kamen we 16.30 oere nei in prachtige tocht troch de natuer wer yn ‘e haven oan. Yn it fakânsjepark yn optocht nei Restaurant De Waag. Dêr stie – bêst genôch - al wer in konsumpsje op it programma. Foardat we wer op hûs oan giene, koene we it stedsje noch efkes besjen. Mooglik hawwe wy dêr te lang oer dien, want och heden, foar de lêste auto’s wie slachboom fan it parkearterrein al ticht. We ha dêr in skoft stien, doe kaam immen mei in kaai en sa koene de lêste freonen ek op hûs oan. De kompliminten foar Anneke en Ans foar de organisaasje en wy geane in oare kear graach wer mei! Mei de groetnis fan in freon *fergees del te heljen fia it webstek fan de Provinsje Fryslân en kar-út in froulus- of manljusstim.
|