|
De mooglikheden
OP TIISDEI Omrop Fryslân noeget benammen skoallen út om tiisdeitemoarn by ús op ekskurzje te kommen. De edukative ôfdieling, skoalradio en –televyzje, fersoarget dan in part fan it programma. It programma is fan 10.00 oant 11.45 of 12.30 oere en it meast geskikt foar skoalbern fan 7/8 jier âld en âlder.
Oare groepen binne op tiisdeitemoarn fansels ek wolkom. Part fan it ekskurzjeprogramma is dan, as der tiid en gelegenheid is, in ynlieding troch ien fan de redakteuren/ferslachjouwers/programmamakkers mei gelegenheid ta it stellen fan fragen. De rûnlieding kin ôfsletten wurde mei in lunsj. Tiden: Fan 10.00 oant 11.45 of 12.30 oere.
Tal persoanen: groepen moatte op syn minst bestean út 10 á 12 persoanen en op syn meast 35 persoanen (skoallen by foarkar ± 20 persoanen). Kosten: € 5,00/p.p., skoalbern € 3,00/p.p., lunsj € 4,50.
OP WOANSDEI It ekskurzjeprogramma op woansdei set út ein mei in lunsj, folge troch in ynlieding troch ien fan de gastdames fan Omrop Fryslân en de bedriuwsfilm. Dêrnei stiet in besite oan de studio op it programma om in part fan de radio-útstjoering Noardewyn by te wenjen, meastal mei live muzyk.
Tiden: Fan 11.45 oant 15.00 oere.
Tal persoanen: Groepen op syn minst 10 á 12 persoanen en op syn meast 35 persoanen (mear persoanen allinnich yn oerlis);Kosten: € 5,00/p.p., skoalbern € 3,00/p.p., lunsj € 4,50.
Op it stuit binne der gjin reguliere jûnsekskurzjes te boeken.
EKSKURZJES ‘OP MAAT’ Op oanfraach.
|