No op 'e radio:  
No op 'e televyzje:  
Radio: Radionijssintrale_link
De hiele groep stazjêrs fan febrewaris 2010
De hiele groep stazjêrs fan febrewaris 2010

Alle dagen staazje!

By Omrop Fryslân is neist in soad meiwurkers ek altyd in ferskaat oan stazjêrs oan ‘e slach.
 
“Om't hjir in soad krityske sjoernalisten omrinne, bliuwst alle dagen skerp!” 
 
“Ik kin hjir in soad saken leare. It is hiel ynteressant, want do sitst hjir altyd boppe-op it Fryske nijs.

Gigantysk grut

“Omrop Fryslân is gigantysk grut. Dêrom binne alle dagen wer oars, en dat makket de staazje sa ôfwikseljend. Do wurdst hjir echt as in meiwurker sjoen. Dêrtroch fielst dy fuortendaliks thús.”

Jaap Elzes rint staazje op de ôfdieling Nije Media en Foarmjouwing
Jaap Elzes rint staazje op de ôfdieling Nije Media en Foarmjouwing

Entûsjasme

De Omrop is konstant op ‘e sneup nei entûsjaste studinten dy’t wat foar de Omrop betsjutte kinne.  Staazje rinne by Omrop Fryslân kin foar minimaal trije moanne by ferskate ôfdielings. Fan ‘e ôfdieling personiel en organisaasje oant grafyske foarmjouwing, fan ‘e radio- en televyzjeredaksje oant de ôfdieling marketing & kommunikaasje.

Marjanne Eelkema rint staazje by Personiel en Organisaasje
Marjanne Eelkema rint staazje by Personiel en Organisaasje

Alle dagen Frysk!

Omrop Fryslân hat de ambysje it liedend ynformaasjesintrum fan Fryslân te wêzen en kommunisearret wêr’t dat kin yn it Frysk. Dat jildt ek foar de ôfdieling skoaltelevyzje.
 
“It is hiel noflik om myn eigen memmetaal te brûken. Dat is ien fan de redenen dat ik Omrop Fryslân as staazjeplak keazen haw.”
 

Wietze Wedman rint staazje op de ôfdieling Lanlike Televyzje
Wietze Wedman rint staazje op de ôfdieling Lanlike Televyzje

Alle dagen gesellich!

Stazjêrs dy’t by de Omrop komme, wurde earst flink ynwurke yn it bedriuw. Neist de ôfdieling dêr’t sy komme, rinne se in dei mei mei de nijsredaksje, sitte se yn it publyk fan bygelyks Boppeslach Kafee en krije se wiidweidich de gelegenheid mei alle oare stazjêrs yn ‘e kunde te kommen.
 
“Wy binne no krekt in gesellige klasse. Sa learst ek wer netwurkjen en der komt altyd wol ien om it hoekje te sjen om efkes in praatsje te meitsjen oer it wurk, skoalle of samar foar de gesellichheid.”

Aaltje Sikkema rint staazje op de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje
Aaltje Sikkema rint staazje op de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje

Alle dagen Omrop Fryslân?

Bisto studint fan in HBU-oplieding en liket it dy ynteressant om staazje te rinnen by de Omrop? Stjoer dan in e-mail nei p&o@omropfryslan.nl! Hans, dy’t op dit stuit oan it ôfstudearjen is hat al in tip foar studinten dy’t hjir mei sukses sollisitearre hawwe op in staazje: “Soargje derfoar datst goed om dy hinne sjochst, nim inisjatyf. Dêrmei falst op by Omrop Fryslân!”

Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Advertinsjes

Chevroletstunt
 
© 2010 Omrop Fryslân
Friesland Post
Groots met een zachte G
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Fryslân 4 War Child
Bestel hjir de debút CD fan Die Twa