Djuricic makke twa goals (foto: Dirk Jan Haarsma)
|
Hearrenfean wint fan Mallorca
 30-07-2010 | 22:56 |
|
Sportklup Hearrenfean kin mei in goed gefoel begjinne oan de kompetysje. De lêste oefenwedstriid tsjin Real Mallorca waard mei 4-0 wûn.
By rêst wie de stân al 3-0. Nei in eigengoal fan Ramis, waard it troch in fraaie kombinaasje 2-0 troch Djuricic. De Serviër makke ek de 3-0. Yn de einfaze makke Beerens noch de 4-0. Hearrenfean spile in knappe wedstriid en liet sa no en dan goed fuotbal sjen. Op 7 augustus begjint Hearrenfean thús tsjin PSV.
De opstelling fan SC Hearrenfean yn dy wedstriid: Steppe, Janmaat, Kopic, Breuer, Jong-A-Pin (60. El Akchaoui), Djuricic (46. Elm), Grindheim (60. Svec), Väyrynen (60. Roorda), Beerens, Dost (46. Fazli), Assaidi (60. Elyounoussi).
|