De measte Hongaren wenje yn in stripe lâns de súdlike grins fan Slowakije
|
Seminar oer Slowaakse taalwet
 17-09-2009 | 12:16 |
|
Kennissintrum Mercator fan 'e Fryske Akademy hâldt sneon in wittenskiplik seminar oer de nije Hongaars-Slowaakse taalwet. Yn Slowakije is it sûnt 1 septimber ferbean om yn iepenbiere gebouwen in minderheidstaal te praten. Wa't dat dochs docht kin in boete fan 100 oant 5.000 euro krije. De heal miljoen Hongaren yn Slowakije binne bysûnder lilk oer de nije taalwet.
It seminar yn Ljouwert sil in oanbefelling dwaan oan de Slowaakse oerheden.
Oan it seminar wurdt meidien troch saakkundigen út Hongarije, Eastenryk, Poalen, Ierlân, Denemarken en Fryslân. It Mercatorsintrum yn Ljouwert hopet dat it foarbyld fan de Fryske meartalichheid 'ynspiraasje biedt foar in lykwichtich taalbelied yn oare Europeeske lidsteaten'. De nije Slowaakse taalwet hat ek laat ta spannings tusken de twa EU-lidsteaten Hongarije en Slowakije.
|