Pieter Weening
|
Pieter Weening yn Tourseleksje
 05-06-2009 | 21:05 |
|
Hurdfytser Pieter Weening is troch ploechlieder Erik Breukink opnommen yn de seleksje foar de Tour de France. Breukink hat earst tolve man oanwiisd, trije sille de kommende tiid ôffalle.
Pieter Weening soe mei syn ploech fan de Rabobank de Ronde fan Italië riden ha, mar troch in blessuere oan it sitflak gong dat net troch. Hy hat no krekt trije wike training op hichte yn Spanje derop sitten en is fit. Op 13 juny begjint Pieter oan de Ronde fan Switserlân. Dy duorret njoggen dagen.
De measten fan syn kollega's dy't kâns meitsje op de Ronde fan Frankryk begjinne snein oan de Dauphiné Libéré. As Pieter op sneon 4 juny oan de start komt yn Monaco soe dat it begjin wêze fan syn fiifde Tour.
De folsleine seleksje bestiet út: Stef Clement, Laurens ten Dam, Juan Antonio Flecha, Oscar Freire, Juan Manuel Garate, Robert Gesink, Denis Menchov, Koos Moerenhout, Grischa Niermann, Joost Posthuma, Bram Tankink en Pieter Weening.
|